
Besprek fan it publyksboek Hoe Limburgers over vrouwen praten, S.pl. 2025. ISBN: 978-94-6506-998-2, NUR 616 fan Joske Piepers,* basearre op har proefskrift People, pronouns, and unpredictable things: A usage-based approach to sociopragmatic gender in Limburgian
Op 14 maart ll. is Joske Piepers promovearre op People, pronouns, and unpredictable things: A usage-based approach to sociopragmatic gender in Limburgian oer it gebrûk fan ûnsidige en manlike foarnamwurden yn Limburch dy’t ferwize nei froulju. Tagelyk hat se in persoanlik en iepenhertich en dêrom sympatyk publyksboek (118 siden) útbrocht oer datselde ûnderwerp. Dêryn komt nijsgjirrige maatskiplike achtergrûnynformaasje foarby oer de taal dêr’t har ûndersyk op rjochte is. In moaie oanlieding om ris, nei it Nedersaksysk fan ferline moanne, te skriuwen oer dy oare erkende minderheidstaal yn diel II fan it Europeesk Hânfest foar regionale en talen fan minderheden fan de Ried fan Europa. Nei earst wat oer it sintrale ûnderwerp sein te hawwen, dûk ik fierder yn de taalsosjologyske aspekten fan de bestudearre taal. Ik slút ôf mei in koart weromsjen op de case fan it Limburchsk.
Trotzdem
Yn in soad Limburchske dialekten kin der nei froulju en famkes ferwiisd wurde mei ‘het’, ‘det’ en sels ‘him’. Joske Piepers har fraach wie koartwei yn hokker gefallen dat wie en wannear net. Foardat it oan it beäntwurdzjen fan dy fragen ta wie, gong der nochal wat oan foarôf. Yn it earste haadstik ‘Hoe het begon’ (s. 5-8) jout se de oanlieding, dy’t ek wat oer har earste hâlding foar it Limburchsk oer seit. Piepers fertelt dat Limburchske studinten yn Nijmegen faak mei harren aksint pleage waarden. Joske hie sels yn dy tiid ek in sekere sjêne foar har aksint (‘Daar liepen we met z’n allen niet per se heel erg mee te koop.’). Limburchsk wie dus mear om te mijen as om op te sykjen, dochs hat sy dy taal as ûndersyksobjekt fûn as byrispinge fan in eksperimint foar in soartgelikens ûndersyk nei it Nederlânsk dêr’t sy by assistearre. Foar dat eksperimint moast op sinnen as ‘Iedereen was zijn jas aan het aandoen’ reagearre wurde. Ek al is dat besitlik foarnamwurd grammatikaal manlik, it kin troch dat ‘iedereen’ yn dit gefal ek nei in frommeske ferwize, mar, miende se spontaan, yn it Limburchsk is it dochs ek mooglik by ‘Helen duit ziene jas aan’, no? Joske begûn, no’t se der bewust oer nei tocht, oan har eigen taalgefoel te twiveljen, mar de ferwizing wie yn Limburch gewoan, befêstige har mem. Nei dy ûntdekking is op oanstean fan Joske dêrom in fraach oan de list taheakke oer in mooglike Limburchske taalachtergrûn fan de proefpersoan. Nei’t dêrtroch har de skilen fan de eagen (earen) foelen, is se dêr yn har stúdzje yn ferskillende stadia entûsjast mei fierder gongen en der op ’t lêst op promovearre. ‘Zo ‘s ‘t gekomen.’ Dy ambivalinsje tusken in negative en in positive assosjaasje liket in leitmotiv as it om (aspekten fan) it Limburchsk giet.
It gebrûk fan net-froulike foarnamwurden
Omdat der kwalik wat oer skreaun wie, hat de promovenda in soad pionierswurk yn de net-froulike foarnamwurden dwaan moatten. Dit is it oersjoch dat de basis foar har ûndersyk wie (s.23):
Mar doe begûn it pas; de foarnamwurden yn it giele fekje waarden net altyd troch iderien en oeral brûkt. De hamfragen fan har promoasjeûndersyk wienen troch wa, wêr en wannear dy foarnamwurden brûkt waarden. It die bliken dat bekende taalsosjologyske fariabelen as ynformaliteit, leeftyd, status fan en bekendheid mei de oanwiisde persoan wichtich wienen. It is ferlykber mei de sosjale fariabelen by it dookjen of jookjen; in formele situaasje, hegere leeftyd, in sosjaal hegere posysje fan en de ûnbekenheid mei de oansprutsen persoan lokje earder it saakliker ‘jo’ út.
Ut it fjildwurk mei in grut tal sprekkers kaam nei foaren dat de net-froulike foarmen as ‘det’ benammen earder ferwiisden nei jonge famkes as nei âldere froulju. Yn it Frysk hawwe wy it yn it gefal fan in jong fanke ek oer ‘dat ding’. De regio wie allyksa fan belang, want dit ferskynsel die him net yn alle plakken foar. Yn de ûndersteande printsjes (s. 31) is de gemiddelde skoare op it brûken en kennen fan de foarm ‘het’ oanjûn.

By de oare foarmen ‘det’, ‘hem’ en zien’ is in soartgelikense sprieding fan it brûken en hielendal it kennen derfan te sjen, teffens yn Belgysk Limburch. Dochs wie der in hiel soad persoanlike fariaasje binnen de ferskillende regio’s.
Achtergrûn dialektferskaat
Yn haadstik 3 ‘Even over de term Limburgs’ giet de skriuwster koart yn op dat dialektferskaat fan it Limburchsk, in term dy’t net sûnder heakken en oezen is. Folle gewoaner is de oantsjutting ‘plat’, ‘dialect’ of in lokale oantsjutting as ‘Genneps’ of ‘Mestreechs’. As men sels noch fierder de skiednis yndûkt, dan is de typearring fan Piepers mei ‘rommelig’ in freonlike útdrukking. Sy neamt him net, mar yn oare literatuer wurdt wol ferwiisd nei de earste Limburger skriuwer fan de folkstaal yn Nederlân: Hendrik van Veldeke (sa’n 1150-nei 1186), mar dy neamde syn taal net ‘Lemborgsch’ of sa, mar ‘Dietsch’ (Sinte Servaes om sa’n 1170 hinne). Dy algemienen namme ‘folkstaal’ is noch hiel lang brûkt om it ferskil mei it Latyn en Waals (Frânsk) te beneamen. It hartichdom Limburch (Lemborch), foar it grutste part ferdield oer wat no Nederlânsk Súd-limburch en Belgysk Noard-Limburch is, – dat in basis west hawwe koe foar de spesifike eigennamme – ferdwûn lykwols al yn 1288 ûnder Brabânske hearskippij. Earst yn 1815 kaam de namme foar it nije grutte gewest binnen it Verenigd Koninkrijk der Nederlanden werom, om as gebiet yn 1867 op te splitsen yn noch wer in nijere Belgyske en Nederlânske provinsje (s. 15).
It is dêrom net opmerklik dat in lokale namme as it Mestreechs (mei syn Latynske namme ’Mosa Trajectensi’ yn Sermoen euver de weurd … (om 1770 hinne) noch earder as de provinsjenamme mei in spesifike taalnamme beneamd waard. Yn Maastricht waard ek de sociëteit Momus (1839) oprjochte dy’t him ynsette foar it Mestreechs, de ‘aw moyerstaol’ (âlde memmetaal). Sa’n lokale feriening as Momus hat foar behâld en wurdearring fan it eigen stedsdialekt soarge. Gjin nijs dat ‘Limburg’ en ‘Limburgs’ net in hiel lange skiednis hawwe. Sa is it ek te begripen dat der gjin stribjen is nei in Standertlimburchsk. Op it webstek fan de Dialectvereniging Veldeke stiet ek syn doel: sûnt 1926 hâldt it fuortsterkjen fan de Limburchske taal it fuortsterkjen fan it dialektferskaat yn. Op de thússide fan syn webstek kin fuordaliks trochklikt wurde nei tsien ‘Veldeke kringen’ mei harren eigen fariëteit. De ambivalinsje dialekt/taal komt ek nei foaren op dat webstek mei de trochklikoantsjuttingen: ‘Limburgs dialect’ en ‘Standaard Nederlands’.
Ambivalinsje yn hâlding tsjinoer en gebrûk fan de net-froulike foarmen
Yn de haadstikken oan de ein fan it boek (s. 63-111) komme noch hiel aardige taalsosjologyske ûnderwerpen te praat dy’t mei de gaadlikens fan de besprutsen foarmen te krijen hat. Sa is der sjoen nei it sosjaal netwurk; wat is de ferhâlding tusken de dominânsje by de ynformanten fan it Limburchsk of it Nederlânsk yn dat netwurk, bestiet der ferbân tusken it frekwint yn kontakt kommen mei it dominante Nederlânsk en de frekwinsje fan it brûken fan de foarmen? Mei dat doel is in ‘meartalich taalprofyl’ fan de ynformanten opsteld neffens taalomjouwing, frekwinsje Limburchsk taalgedrach, taalfeardigens en taalhâlding. Yn grutte halen komt der net in sterke gearhing tusken de sa metten taalferhâlding en de frekwinsje fan foarmen nei foaren. Falt it dan wol wat ta mei de negative assosjaasje by de útkeazen foarmen?
Yn haadstik 10 ‘Zoveel mensen, zoveel meningen’ (s. 71-78) binne de assosjaasjes by de foarmen dúdlik ferwurde. Hjirboppe is al sein dat it ferwizen út te stean hat mei bekendheid mei de oansprutsen persoan en de leeftyd fan it frommeske.
“Gaat meestal over iemand die de spreker kent. Gevoelsmatig is dat goed. Gaat het bijvoorbeeld over een vreemde, dan klinkt dat vreemd.”
“Naar een vrouw vind ik dat tamelijk onfatsoenlijk, naar een meisje vind ik dat normaal.”
“Ik zou het vooral gebruiken m.b.t. vrouwen die ik redelijk goed ken en/of die jonger zijn dan ik. Ik zou het niet over mijn moeder of tantes zeggen, maar wel over mijn zus, een nicht, een buurvrouw, een vriendin, e.d.”
It brûken fan de foarmen hat mei oare wurden út te stean mei ynformaliteit.
“Ik vind het wel een lieve vorm, helemaal niet denigrerend ofzo.”
“Het klinkt heel vertrouwd.”
“Alsof ik nog jong ben (haha). Niet onprettig dus.”
Dy assosjearre ynformaliteit makket de foarmen ûngaadlik om yn in formele setting te brûken, mar seker ek yn it (formele) Nederlânsk.
“In het dialect vind ik dat heel normaal. In het Nederlands is dat niet het geval. Dan klinkt het heel raar/denigrerend/misplaatst.”
“Het betekent hier hetzelfde als zij. Het wordt niet alleen voor voorwerpen/dingen gebruikt zoals in het Nederlands. Het gebruik van het is niet denigrerend, het is echt ook voor vrouwen.”
Neffens dy ynformanten wurde net-froulike foarnamwurden yn het Limburgs dusfral as tige gewoan sjoen. Mar de ambivalinsje komt by oaren wol wer om ‘e hoeke te sjen.
“Ik vind het dubbel: het is niet meer van deze tijd en ik ‘verbeter’ het vaak op een humoristische wijze. Aan de andere kant heeft het ook iets ‘streek-eigens’.”
Troch guon wurdt it gebrûk sûndermear ôfkard:
“Ik vind dit niet passen.”
“Het is niet erg tof. Het suggereert dat een vrouw een object is.”
“Zodra iemand een vrouw met het aanduidt, klinkt het toch als onjuist en interpreteer ik dit zelfs lichtelijk denigrerend ofwel respectloos.”
“Niet fijn, voelt denigrerend.”
“Ik heb eigenlijk een hekel aan het/det voor een vrouw: er zit voor mij een negatieve lading aan (ook al ben ik erachter gekomen dat die lading niet altijd bedoeld wordt door de spreker).”
“Ik vind het normaal en zie het niet als negatief, maar heb vaak genoeg gehoord dat men het raar, zelfs denigrerend vindt. Daar kan ik me ook wel wat bij voorstellen.”
Sels wurdt it mei in legere sosjale setting ferbûn:
“Ik vind het denigrerend, het klinkt asociaal, ik link het taalgebruik ook aan de achterbuurten van Roermond.”
“Ik vind dit overigens een typisch ‘plat’ accent uit Venlo.”
By it ynfoljen fan in fragelist koenen de ynformanten sels har tinken oer de foarnamwurden ferwurdzje; minsken mei in positive hâlding hjirfoaroer brûke de foarmen yn de praktyk ek mear as minsken mei in negative hâlding.
Ofsluting
Alles mei-inoar wurdt der troch Joske Piepers mei har ûndersyk foar in bûtensteander (in Fries yn dit gefal) aardich wat nije ynformaasje boppe wetter helle. Ien fan de belangrykste punten dy’t der útkipet, is dat der in hiel soad fariaasje sit yn de ferskillende dialekten fan it Limburchsk, yn dit ûndersyk yllustrearre mei it ferskillend brûken fan net-froulike foarnamwurden. Ik tink dêroerhinne no better te begripen wêrom’t Limburgers it net slim fine om har eigen taalgebrûk ‘plat’ of ‘dialect’ te neamen**; Friezen griist it oan om dat oer har eigen ‘taal’ te hearren. Mar de lange skiednis fan Fryslân as in min ofte mear fêste bestjoerlike ienheid sûnt de midsiuwen is dan ek in hiel oare as dy fan Limburch dat pas as sadanich yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw úteinsette. Dêrfoar yn de romantyk wie yn Limburch al positive oandacht foar en fuortsterking fan it eigen lokale dialekt en de eigen lokale identiteit op gong kommen. Wat de Fryske beweging yn Fryslân yn dyselde tiid oerkoepeljend foar alle ferskillende dialekten – dy’t der ek yn Fryslân binne! – yn it begryp ‘Frysk’, de kodifikaasje fan it Standertfrysk en in stribjen fan dy taal yn alle domeinen fan de maatskippij stimulearre, hat de Limburger beweging dien foar it lokale dialekt, foar it ‘plat’.
Ut in enkête fan de dialectvereniging Veldeke fan 2021 komt in (hiel) positive hâlding foar dy dialekten nei foaren; 81% is hiel posityf (56%) of posityf (25%),16% seit neutraal foar it Limburchsk oer te stean wylst mar 4% (hiel) negatyf is. Oan de ynformanten dy’t (hiel) posityf (81%) is frege yn eigen bewurdingen wer te jaan wêr’t dy hâlding út fuorkomt.
Het karakter van de Limburgse taal (mooi, zacht, warm, melodieus, charmant, leuk, grappig e.d.) : | 23% |
De eigenheid/identiteit die met het Limburgs samenhangt: | 18% |
Het behoud van eigen cultuur/erfgoed: | 13% |
Limburgs schept verbondenheid: | 8% |
Limburgs geeft een thuisgevoel/vertrouwdheid: | 6% |
Leuk dat er zoveel verschillende dialecten zijn: | 6% |
Limburgs is moedertaal/afkomst/roots: | 6% |
Limburgs is speciaal/uniek/eigen sfeer: | 5% |
Je kunt er beter je gevoel in uitdrukken: | 3% |
Al dy eigenskippen kinne ûnderbrocht wurde ûnder it algemiene kopke ‘solidariteit’ (en nét ‘prestiizje’). Foar alles hat Limburchsk te krijen mei ynformaliteit en identiteit, dêr’t men him oars net foar te skamjen hoecht of sels grutsk op wêze kin. Dat der foarsichtich ek besocht wurdt om dochs op in eigen wize nei ‘prestiizje’ te rikken, komt nei foaren yn it sykjen fan in hegere status as minderheidstaal yn it ramt fan diel III fan it Hânfest foar regionale en minderheidstalen. Dat der noch wol ambivilinsje by de sprekkers fan it Limburchsk bestiet, sa’t út ferskillende útspraken fan Joske sels en har ynformanten bliken die, is fansels foar in part logysk omdat der troch de lokaliteit fan it dialekt net maklik in oerkoepeljende en grutskaliger ûntwikkeling fan allerhanne materiaal mooglik is; de kodifikaasje fan in algemien Limburchsk wurdt sels as ûnwinsklik sjoen.
As ik no op de case fan Limburch weromsjoch, moat ik oan de taalsituaasje yn Noarwegen tinke dêr’t it Nynorsk as in eigen taal nêst it Deensk-kleure Bokmål ûntwikkele wurden is mei in hiel soad dialektysk ferskaat.*** In belangryk ferskil mei Limburch is wol dat dêr yn de njoggentjinde iuw ál in standerttaal ûntwikkele is, dy’t tsjintwurdich as in oerkoepeljende skriuwtaal funksjonearret; de rûnom sprutsen taal is in ryk ferskaat oan dialekten rûnom op it plattelân, it liket Fryslân wol.
Referinsjes en noaten
Piepers, J. (2025a). Hoe Limburgers over vrouwen praten. ISBN: 978-94-6506-998-2, NUR 616
Piepers, J. (2025b). People, pronouns, and unpredictable things: A usage-based approach to sociopragmatic gender in Limburgian. https://doi.org/10.26116/tshd.41561393
Veldeke. (2021). Verslag van een onderzoek naar de stand van de Limburgse taal in opdracht van Veldeke Limburg. Veldeke. https://www.veldeke.net/wp-content/uploads/2021/06/Eindrapport-compleet.pdf
*Mei grutte tank oan Joske Piepers foar har kommentaar op in eardere ferzje en it beskikber stellen fan de yllustraasjes.
**By de sitting fan de Provinsjale Steaten op 13 desimber 2024 wie it biedwurd: ‘Provinciehoes geit plat veur ’t Limburgs!’
***De seksje Limburgs fan de Vereniging Levende Talen hat Noarwegen ek as dialektparadys ûntdutsen.
Laat een reactie achter