
Besprek fan it publyksboek Hoe Limburgers over vrouwen praten, S.pl. 2025. ISBN: 978-94-6506-998-2, NUR 616 fan Joske Piepers,* basearre op har proefskrift People, pronouns, and unpredictable things: A usage-based approach to sociopragmatic gender in Limburgian
Op 14 maart ll. is Joske Piepers promovearre op People, pronouns, and unpredictable things: A usage-based approach to sociopragmatic gender in Limburgian oer it gebrΓ»k fan Γ»nsidige en manlike foarnamwurden yn Limburch dyβt ferwize nei froulju. Tagelyk hat se in persoanlik en iepenhertich en dΓͺrom sympatyk publyksboek (118 siden) ΓΊtbrocht oer datselde Γ»nderwerp. DΓͺryn komt nijsgjirrige maatskiplike achtergrΓ»nynformaasje foarby oer de taal dΓͺrβt har Γ»ndersyk op rjochte is. In moaie oanlieding om ris, nei it Nedersaksysk fan ferline moanne, te skriuwen oer dy oare erkende minderheidstaal yn diel II fan it Europeesk HΓ’nfest foar regionale en talen fan minderheden fan de Ried fan Europa. Nei earst wat oer it sintrale Γ»nderwerp sein te hawwen, dΓ»k ik fierder yn de taalsosjologyske aspekten fan de bestudearre taal. Ik slΓΊt Γ΄f mei in koart weromsjen op de case fan it Limburchsk.
Trotzdem
Yn in soad Limburchske dialekten kin der nei froulju en famkes ferwiisd wurde mei βhetβ, βdetβ en sels βhimβ. Joske Piepers har fraach wie koartwei yn hokker gefallen dat wie en wannear net. Foardat it oan it beΓ€ntwurdzjen fan dy fragen ta wie, gong der nochal wat oan foarΓ΄f. Yn it earste haadstik βHoe het begonβ (s. 5-8) jout se de oanlieding, dyβt ek wat oer har earste hΓ’lding foar it Limburchsk oer seit. Piepers fertelt dat Limburchske studinten yn Nijmegen faak mei harren aksint pleage waarden. Joske hie sels yn dy tiid ek in sekere sjΓͺne foar har aksint (βDaar liepen we met zβn allen niet per se heel erg mee te koop.β). Limburchsk wie dus mear om te mijen as om op te sykjen, dochs hat sy dy taal as Γ»ndersyksobjekt fΓ»n as byrispinge fan in eksperimint foar in soartgelikens Γ»ndersyk nei it NederlΓ’nsk dΓͺrβt sy by assistearre. Foar dat eksperimint moast op sinnen as βIedereen was zijn jas aan het aandoenβ reagearre wurde. Ek al is dat besitlik foarnamwurd grammatikaal manlik, it kin troch dat βiedereenβ yn dit gefal ek nei in frommeske ferwize, mar, miende se spontaan, yn it Limburchsk is it dochs ek mooglik by βHelen duit ziene jas aanβ, no? Joske begΓ»n, noβt se der bewust oer nei tocht, oan har eigen taalgefoel te twiveljen, mar de ferwizing wie yn Limburch gewoan, befΓͺstige har mem. Nei dy Γ»ntdekking is op oanstean fan Joske dΓͺrom in fraach oan de list taheakke oer in mooglike Limburchske taalachtergrΓ»n fan de proefpersoan. Neiβt dΓͺrtroch har de skilen fan de eagen (earen) foelen, is se dΓͺr yn har stΓΊdzje yn ferskillende stadia entΓ»sjast mei fierder gongen en der op βt lΓͺst op promovearre. βZo βs βt gekomen.β Dy ambivalinsje tusken in negative en in positive assosjaasje liket in leitmotiv as it om (aspekten fan) it Limburchsk giet.
It gebrΓ»k fan net-froulike foarnamwurden
Omdat der kwalik wat oer skreaun wie, hat de promovenda in soad pionierswurk yn de net-froulike foarnamwurden dwaan moatten. Dit is it oersjoch dat de basis foar har Γ»ndersyk wie (s.23):
Mar doe begΓ»n it pas; de foarnamwurden yn it giele fekje waarden net altyd troch iderien en oeral brΓ»kt. De hamfragen fan har promoasjeΓ»ndersyk wienen troch wa, wΓͺr en wannear dy foarnamwurden brΓ»kt waarden. It die bliken dat bekende taalsosjologyske fariabelen as ynformaliteit, leeftyd, status fan en bekendheid mei de oanwiisde persoan wichtich wienen. It is ferlykber mei de sosjale fariabelen by it dookjen of jookjen; in formele situaasje, hegere leeftyd, in sosjaal hegere posysje fan en de Γ»nbekenheid mei de oansprutsen persoan lokje earder it saakliker βjoβ ΓΊt.
Ut it fjildwurk mei in grut tal sprekkers kaam nei foaren dat de net-froulike foarmen as βdetβ benammen earder ferwiisden nei jonge famkes as nei Γ’ldere froulju. Yn it Frysk hawwe wy it yn it gefal fan in jong fanke ek oer βdat dingβ. De regio wie allyksa fan belang, want dit ferskynsel die him net yn alle plakken foar. Yn de Γ»ndersteande printsjes (s. 31) is de gemiddelde skoare op it brΓ»ken en kennen fan de foarm βhetβ oanjΓ»n.

By de oare foarmen βdetβ, βhemβ en zienβ is in soartgelikense sprieding fan it brΓ»ken en hielendal it kennen derfan te sjen, teffens yn Belgysk Limburch. Dochs wie der in hiel soad persoanlike fariaasje binnen de ferskillende regioβs.
AchtergrΓ»n dialektferskaat
Yn haadstik 3 βEven over de term Limburgsβ giet de skriuwster koart yn op dat dialektferskaat fan it Limburchsk, in term dyβt net sΓ»nder heakken en oezen is. Folle gewoaner is de oantsjutting βplatβ, βdialectβ of in lokale oantsjutting as βGennepsβ of βMestreechsβ. As men sels noch fierder de skiednis yndΓ»kt, dan is de typearring fan Piepers mei βrommeligβ in freonlike ΓΊtdrukking. Sy neamt him net, mar yn oare literatuer wurdt wol ferwiisd nei de earste Limburger skriuwer fan de folkstaal yn NederlΓ’n: Hendrik van Veldeke (saβn 1150-nei 1186), mar dy neamde syn taal net βLemborgschβ of sa, mar βDietschβ (Sinte Servaes om saβn 1170 hinne). Dy algemienen namme βfolkstaalβ is noch hiel lang brΓ»kt om it ferskil mei it Latyn en Waals (FrΓ’nsk) te beneamen. It hartichdom Limburch (Lemborch), foar it grutste part ferdield oer wat no NederlΓ’nsk SΓΊd-limburch en Belgysk Noard-Limburch is, – dat in basis west hawwe koe foar de spesifike eigennamme – ferdwΓ»n lykwols al yn 1288 Γ»nder BrabΓ’nske hearskippij. Earst yn 1815 kaam de namme foar it nije grutte gewest binnen it Verenigd Koninkrijk der Nederlanden werom, om as gebiet yn 1867 op te splitsen yn noch wer in nijere Belgyske en NederlΓ’nske provinsje (s. 15).
It is dΓͺrom net opmerklik dat in lokale namme as it Mestreechs (mei syn Latynske namme βMosa Trajectensiβ yn Sermoen euver de weurd β¦ (om 1770 hinne) noch earder as de provinsjenamme mei in spesifike taalnamme beneamd waard. Yn Maastricht waard ek de sociΓ«teit Momus (1839) oprjochte dyβt him ynsette foar it Mestreechs, de βaw moyerstaolβ (Γ’lde memmetaal). Saβn lokale feriening as Momus hat foar behΓ’ld en wurdearring fan it eigen stedsdialekt soarge. Gjin nijs dat βLimburgβ en βLimburgsβ net in hiel lange skiednis hawwe. Sa is it ek te begripen dat der gjin stribjen is nei in Standertlimburchsk. Op it webstek fan de Dialectvereniging Veldeke stiet ek syn doel: sΓ»nt 1926 hΓ’ldt it fuortsterkjen fan de Limburchske taal it fuortsterkjen fan it dialektferskaat yn. Op de thΓΊsside fan syn webstek kin fuordaliks trochklikt wurde nei tsien βVeldeke kringenβ mei harren eigen fariΓ«teit. De ambivalinsje dialekt/taal komt ek nei foaren op dat webstek mei de trochklikoantsjuttingen: βLimburgs dialectβ en βStandaard Nederlandsβ.
Ambivalinsje yn hΓ’lding tsjinoer en gebrΓ»k fan de net-froulike foarmen
Yn de haadstikken oan de ein fan it boek (s. 63-111) komme noch hiel aardige taalsosjologyske Γ»nderwerpen te praat dyβt mei de gaadlikens fan de besprutsen foarmen te krijen hat. Sa is der sjoen nei it sosjaal netwurk; wat is de ferhΓ’lding tusken de dominΓ’nsje by de ynformanten fan it Limburchsk of it NederlΓ’nsk yn dat netwurk, bestiet der ferbΓ’n tusken it frekwint yn kontakt kommen mei it dominante NederlΓ’nsk en de frekwinsje fan it brΓ»ken fan de foarmen? Mei dat doel is in βmeartalich taalprofylβ fan de ynformanten opsteld neffens taalomjouwing, frekwinsje Limburchsk taalgedrach, taalfeardigens en taalhΓ’lding. Yn grutte halen komt der net in sterke gearhing tusken de sa metten taalferhΓ’lding en de frekwinsje fan foarmen nei foaren. Falt it dan wol wat ta mei de negative assosjaasje by de ΓΊtkeazen foarmen?
Yn haadstik 10 βZoveel mensen, zoveel meningenβ (s. 71-78) binne de assosjaasjes by de foarmen dΓΊdlik ferwurde. Hjirboppe is al sein dat it ferwizen ΓΊt te stean hat mei bekendheid mei de oansprutsen persoan en de leeftyd fan it frommeske.
βGaat meestal over iemand die de spreker kent. Gevoelsmatig is dat goed. Gaat het bijvoorbeeld over een vreemde, dan klinkt dat vreemd.β
βNaar een vrouw vind ik dat tamelijk onfatsoenlijk, naar een meisje vind ik dat normaal.β
βIk zou het vooral gebruiken m.b.t. vrouwen die ik redelijk goed ken en/of die jonger zijn dan ik. Ik zou het niet over mijn moeder of tantes zeggen, maar wel over mijn zus, een nicht, een buurvrouw, een vriendin, e.d.β
It brΓ»ken fan de foarmen hat mei oare wurden ΓΊt te stean mei ynformaliteit.
βIk vind het wel een lieve vorm, helemaal niet denigrerend ofzo.β
βHet klinkt heel vertrouwd.β
βAlsof ik nog jong ben (haha). Niet onprettig dus.β
Dy assosjearre ynformaliteit makket de foarmen Γ»ngaadlik om yn in formele setting te brΓ»ken, mar seker ek yn it (formele) NederlΓ’nsk.
βIn het dialect vind ik dat heel normaal. In het Nederlands is dat niet het geval. Dan klinkt het heel raar/denigrerend/misplaatst.β
βHet betekent hier hetzelfde als zij. Het wordt niet alleen voor voorwerpen/dingen gebruikt zoals in het Nederlands. Het gebruik van het is niet denigrerend, het is echt ook voor vrouwen.β
Neffens dy ynformanten wurde net-froulike foarnamwurden yn het Limburgs dusfral as tige gewoan sjoen. Mar de ambivalinsje komt by oaren wol wer om βe hoeke te sjen.
βIk vind het dubbel: het is niet meer van deze tijd en ik βverbeterβ het vaak op een humoristische wijze. Aan de andere kant heeft het ook iets βstreek-eigensβ.β
Troch guon wurdt it gebrΓ»k sΓ»ndermear Γ΄fkard:
βIk vind dit niet passen.β
βHet is niet erg tof. Het suggereert dat een vrouw een object is.β
βZodra iemand een vrouw met het aanduidt, klinkt het toch als onjuist en interpreteer ik dit zelfs lichtelijk denigrerend ofwel respectloos.β
“Niet fijn, voelt denigrerend.β
“Ik heb eigenlijk een hekel aan het/det voor een vrouw: er zit voor mij een negatieve lading aan (ook al ben ik erachter gekomen dat die lading niet altijd bedoeld wordt door de spreker).β
βIk vind het normaal en zie het niet als negatief, maar heb vaak genoeg gehoord dat men het raar, zelfs denigrerend vindt. Daar kan ik me ook wel wat bij voorstellen.β
Sels wurdt it mei in legere sosjale setting ferbΓ»n:
βIk vind het denigrerend, het klinkt asociaal, ik link het taalgebruik ook aan de achterbuurten van Roermond.β
βIk vind dit overigens een typisch βplatβ accent uit Venlo.β
By it ynfoljen fan in fragelist koenen de ynformanten sels har tinken oer de foarnamwurden ferwurdzje; minsken mei in positive hΓ’lding hjirfoaroer brΓ»ke de foarmen yn de praktyk ek mear as minsken mei in negative hΓ’lding.
Ofsluting
Alles mei-inoar wurdt der troch Joske Piepers mei har Γ»ndersyk foar in bΓ»tensteander (in Fries yn dit gefal) aardich wat nije ynformaasje boppe wetter helle. Ien fan de belangrykste punten dyβt der ΓΊtkipet, is dat der in hiel soad fariaasje sit yn de ferskillende dialekten fan it Limburchsk, yn dit Γ»ndersyk yllustrearre mei it ferskillend brΓ»ken fan net-froulike foarnamwurden. Ik tink dΓͺroerhinne no better te begripen wΓͺromβt Limburgers it net slim fine om har eigen taalgebrΓ»k βplatβ of βdialectβ te neamen**; Friezen griist it oan om dat oer har eigen βtaalβ te hearren. Mar de lange skiednis fan FryslΓ’n as in min ofte mear fΓͺste bestjoerlike ienheid sΓ»nt de midsiuwen is dan ek in hiel oare as dy fan Limburch dat pas as sadanich yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw ΓΊteinsette. DΓͺrfoar yn de romantyk wie yn Limburch al positive oandacht foar en fuortsterking fan it eigen lokale dialekt en de eigen lokale identiteit op gong kommen. Wat de Fryske beweging yn FryslΓ’n yn dyselde tiid oerkoepeljend foar alle ferskillende dialekten β dyβt der ek yn FryslΓ’n binne! β yn it begryp βFryskβ, de kodifikaasje fan it Standertfrysk en in stribjen fan dy taal yn alle domeinen fan de maatskippij stimulearre, hat de Limburger beweging dien foar it lokale dialekt, foar it βplatβ.
Ut in enkΓͺte fan de dialectvereniging Veldeke fan 2021 komt in (hiel) positive hΓ’lding foar dy dialekten nei foaren; 81% is hiel posityf (56%) of posityf (25%),16% seit neutraal foar it Limburchsk oer te stean wylst mar 4% (hiel) negatyf is. Oan de ynformanten dyβt (hiel) posityf (81%) is frege yn eigen bewurdingen wer te jaan wΓͺrβt dy hΓ’lding ΓΊt fuorkomt.
| Het karakter van de Limburgse taal (mooi, zacht, warm, melodieus, charmant, leuk, grappig e.d.) : | 23% |
| De eigenheid/identiteit die met het Limburgs samenhangt: | 18% |
| Het behoud van eigen cultuur/erfgoed: | 13% |
| Limburgs schept verbondenheid: | 8% |
| Limburgs geeft een thuisgevoel/vertrouwdheid: | 6% |
| Leuk dat er zoveel verschillende dialecten zijn: | 6% |
| Limburgs is moedertaal/afkomst/roots: | 6% |
| Limburgs is speciaal/uniek/eigen sfeer: | 5% |
| Je kunt er beter je gevoel in uitdrukken: | 3% |
Al dy eigenskippen kinne Γ»nderbrocht wurde Γ»nder it algemiene kopke βsolidariteitβ (en nΓ©t βprestiizjeβ). Foar alles hat Limburchsk te krijen mei ynformaliteit en identiteit, dΓͺrβt men him oars net foar te skamjen hoecht of sels grutsk op wΓͺze kin. Dat der foarsichtich ek besocht wurdt om dochs op in eigen wize nei βprestiizjeβ te rikken, komt nei foaren yn it sykjen fan in hegere status as minderheidstaal yn it ramt fan diel III fan it HΓ’nfest foar regionale en minderheidstalen. Dat der noch wol ambivilinsje by de sprekkers fan it Limburchsk bestiet, saβt ΓΊt ferskillende ΓΊtspraken fan Joske sels en har ynformanten bliken die, is fansels foar in part logysk omdat der troch de lokaliteit fan it dialekt net maklik in oerkoepeljende en grutskaliger Γ»ntwikkeling fan allerhanne materiaal mooglik is; de kodifikaasje fan in algemien Limburchsk wurdt sels as Γ»nwinsklik sjoen.
As ik no op de case fan Limburch weromsjoch, moat ik oan de taalsituaasje yn Noarwegen tinke dΓͺrβt it Nynorsk as in eigen taal nΓͺst it Deensk-kleure BokmΓ₯l Γ»ntwikkele wurden is mei in hiel soad dialektysk ferskaat.*** In belangryk ferskil mei Limburch is wol dat dΓͺr yn de njoggentjinde iuw Γ‘l in standerttaal Γ»ntwikkele is, dyβt tsjintwurdich as in oerkoepeljende skriuwtaal funksjonearret; de rΓ»nom sprutsen taal is in ryk ferskaat oan dialekten rΓ»nom op it plattelΓ’n, it liket FryslΓ’n wol.
Referinsjes en noaten
Piepers, J. (2025a). Hoe Limburgers over vrouwen praten. ISBN: 978-94-6506-998-2, NUR 616
Piepers, J. (2025b). People, pronouns, and unpredictable things: A usage-based approach to sociopragmatic gender in Limburgian. https://doi.org/10.26116/tshd.41561393
Veldeke. (2021). Verslag van een onderzoek naar de stand van de Limburgse taal in opdracht van Veldeke Limburg. Veldeke. https://www.veldeke.net/wp-content/uploads/2021/06/Eindrapport-compleet.pdf
*Mei grutte tank oan Joske Piepers foar har kommentaar op in eardere ferzje en it beskikber stellen fan de yllustraasjes.
**By de sitting fan de Provinsjale Steaten op 13 desimber 2024 wie it biedwurd: βProvinciehoes geit plat veur βt Limburgs!β
***De seksje Limburgs fan de Vereniging Levende Talen hat Noarwegen ek as dialektparadys Γ»ntdutsen.



Alle stikken yn dizze rige fan Reitze Jonkman begjinne mei “Op syn ….”.
It is miskien wol aardich om te witten dat it dialekt fan Mestreech dΓͺrfoar in eigen ΓΊtdrukking hat (of hie): “op sig (Mastreegs)”. Dy fine wy werom yn it (dΓͺre) ferneamde “Sermoen over de weurd” fan 1729. Dat begjint sa:
Wat igh uch [= jimme] dan op Latien heb gesag, dat heb ich het ierste mien auw moeijer op sig Mastreegs hure sekke.
Net fan belang fansels, mar it like my aardigernΓ΄ch ta om te fertellen.