• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Frisistyk Nijs

Nije stikken yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes

24 juli 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn. Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa’n … [Lees meer...] overNije stikken yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes

Seis winners fan Rely Jorritsmapriis 2025

21 juli 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Trije ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Blineman’ fan Gertrud Palstra (Ljouwert), ‘In simmerjûn yn Seachlum’ fan Gerrit Hoekstra (Winsum) en ‘Psych Aid’ fan Sytse Jansma (Harns). De winnende gedichten binne ‘Refleksje’ fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), ‘Meiboartsje’ fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl) en … [Lees meer...] overSeis winners fan Rely Jorritsmapriis 2025

Conference on Frisian Humanities

17 juli 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

It programma en gearfettingeboek fan 'e Conference on Frisian Humanties, Brêgen en Grinzen: Fryslân yn in mondiale kontekst, binne publisearre. Conference on Frisian Humanities De Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Taalfeardigens fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Fryske Taal en … [Lees meer...] overConference on Frisian Humanities

Call for papers: Nordfriesland in Kiel III

16 juli 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Save the date Das Fach Frisistik der Christian-Albrechts-Universität zu Kiel wird am 23. Februar 2026 seine Tagungsreihe Nordfriesland in Kiel. Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region fortsetzen – save the date! Call for papers Dieser Veranstaltungshinweis ist gleichzeitig ein Call for Papers. Wer sich mit einem Vortrag an Nordfriesland in Kiel III … [Lees meer...] overCall for papers: Nordfriesland in Kiel III

Advysrapport DINGtiid foar Frysk yn it mbû

14 juli 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Yn it middelber beropsûnderwiis is ferlet fan in stevigere ferankering fan de Fryske taal. Der binne genôch mooglikheden om dat te regeljen. Dat docht bliken út it nijste advysrapport fan DINGtiid. Op tongersdei 10 july hawwe Harry van der Molen (Firda) en Harry Bevers (VVD) it advys ‘Oan it wurk mei it Frysk: advysrapport oangeande de posysje en fuortsterking fan it Frysk yn … [Lees meer...] overAdvysrapport DINGtiid foar Frysk yn it mbû

Fan 2026 ôf nij bachelorprogramma Frysk yn Grins 

10 juli 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Ryksuniversiteit Grins (RUG), it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW), it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) en de provinsje Fryslân tekenje op 10 july in konvenant wêrtroch't it fan septimber 2026 ôf wer mooglik wurdt om in folslein bachelorprogramma Frysk te folgjen yn Grins.  Taal libbet as er sprutsen, lêzen en bestudearre … [Lees meer...] overFan 2026 ôf nij bachelorprogramma Frysk yn Grins 

Ynternasjonale studinten yn Grins foar ‘Old Frisian Summer School’

8 juli 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Fan 7 oant en mei 11 july binne studinten fanút de hiele wrâld yn Grins foar de ‘Old Frisian Summer School’. De OFSS fynt sûnt 2019 twajierliks plak, om-en-om yn it Britske Oxford en yn Grins, as in gearwurking fan dy beide universiteiten. Dochs is dit pas de earste kear dat de ynternasjonale studinten yn de Martinistêd delstrike: yn 2021 moast de Grinzer edysje noch online … [Lees meer...] overYnternasjonale studinten yn Grins foar ‘Old Frisian Summer School’

In slagge sympoasium mei as ferrassing: de oerlanging fan de ferhalebondel ‘Lêze, blinder’

6 juli 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De boekoanbieding wie de kers op 'e taart ôfrune freed yn it tsjerke fan de Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden. Wat in moaie middei belibben wy by it Literêr Sympoasium Lêze is Willewurk. In middei yn it ramt fan lêze mei muzyk én de oanbieding fan in spesjale ferhalebondel mei de titel Lêze, blinder. Jelle Krol naam it earste eksimplaar yn ûntfangst!  Oer de … [Lees meer...] overIn slagge sympoasium mei as ferrassing: de oerlanging fan de ferhalebondel ‘Lêze, blinder’

Aggie Meijer wint de Fryske Poëzyslam 2025

30 juni 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Frysk/Biltske dichter Aggie Meijer stie mei Kesanova (Kees de Vries) yn de finale fan de tredde edysje fan de Fryske Poëzyslam. Yn in spannend duel namen se om bar de mikrofoan om it publyk mei har wurdkeunsten te ferlieden. Nei’t it publyk yn it smûke Kafee De Gouden Leeuw mei blommen har foarkar foar de winner oanjûn hie, die bliken dat Aggie mei in minym ferskil ta … [Lees meer...] overAggie Meijer wint de Fryske Poëzyslam 2025

De Gjalp

29 juni 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Under de namme De Gjalp presintearje Ensafh, de Moanne en RIXT twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters. Makkers kinne har wurk ynstjoere foar publikaasje én foar in presintaasje op festivals. Dat is dit jier it gefal foar it Noordelijk Film Festival, dat yn novimber organisearre wurdt. Ynstjoere kin oant freed 1 augustus 2025. GJALP 1 – Dichtsje by histoarysk … [Lees meer...] overDe Gjalp

Nije Skriuw- en Staveringsline primêr ûnderwiis

28 juni 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op tiisdei 1 july 2025 wurdt op basisskoalle ’t Pompeblêd yn De Westereen it earste eksimplaarútrikt fan de nije Fryske lesboekjes Kreatyf Skriuwen en Staveringsline. Dé nije, ynspirearjendemetoade foar Frysk skriuwen en staverjen op de basisskoalle! De nije Skriuw- en Staveringsline is in folsleine metoade foar skoallen dy't it Frysk in moai plak jaanwolle yn harren … [Lees meer...] overNije Skriuw- en Staveringsline primêr ûnderwiis

Nij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’

24 juni 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en nifelwurkjes – allegear ynspirearre op sammele bûseskatten fan bern. In hearlik boek oer bernefantasy en fynsten, foar bern fan 4 jier ôf. Lês de ferhalen oer it famke Poike, dy’t bûten boartsje it moaiste fynt dat der is. Poike hat altyd de bûsen fol. Mei wûnderbaarlike of gewoan moaie, grutte en lytse … [Lees meer...] overNij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’

Publyksstimming Liet 2025 set út ein

17 juni 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Tsien acts noch yn 'e race foar finale It Fryske publyk kin fan 16 juny ôf online in stim útbringe op ien fan de tsien acts, dy’t noch yn de race binne foar in finaleplak fan Liet 2025. It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op tongersdei 11 septimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De act mei de measte stimmen fan it Fryske publyk kwalifisearret him streekrjocht … [Lees meer...] overPublyksstimming Liet 2025 set út ein

Fakatuere Fryske Akademy: Ynformaasjespesjalist

16 juni 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Fryske Akademy siket in ynformaasjespesjalist foar 22,8 oere wyks (0,6 fte). Wolsto as ynformaasjesaakkundige it ferskil meitsje yn de wrâld fan wittenskip en taal yn Fryslân? Fakatuere As fersterking fan it team siket de Fryske Akademy in Ynformaasjespesjalist, dy't ferantwurdlik is foar it behear fan wittenskiplike ynformaasjesystemen, argyf én it foarmjaan fan … [Lees meer...] overFakatuere Fryske Akademy: Ynformaasjespesjalist

Oprop Tresoar Fellow 2026

10 juni 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. … [Lees meer...] overOprop Tresoar Fellow 2026

Meartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk

10 juni 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op tongersdei 5 juny waard op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert troch mbû-studinten in bysûnder meartalich glês yn lead keunstwurk oanbean oan Bouwurk fan Arcadia. It keunstwurk toant in betsjuttingsfolle relaasje fan de studinten mei de wrâld en in sterke identifikaasje mei de regio. Wat betsjut taal en kultuer foar dy? Dy fraach stie sintraal yn it keunstprojekt fan … [Lees meer...] overMeartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk

Nije edysje magazine ‘Taal yn ’e soarch’

21 mei 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Wannear’t professionals yn de soarch de eigen taal bewust brûke, dan leveret dat harren foardiel op yn it kontakt mei pasjinten/kliïnten. It nije nûmer fan it magazine 'Taal yn ’e soarch' is spesjaal makke foar én mei professionals dy’t wurkje mei jongerein en jongfolwoeksenen. Ferskillende professionals út de (jongerein)soarch fertelle yn it magazine oer harren wurk en de rol … [Lees meer...] overNije edysje magazine ‘Taal yn ’e soarch’

De Hûnekop krijt Fear yn ‘e broek: ‘Makket Frysk en Fryslân populêr by grut publyk’

20 mei 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Rockband De Hûnekop krijt De Fear yn ‘e Broek foar syn ynset foar de Fryske taal. Dat hat De Fryske Beweging bekend makke, dy’t de priis elk jier útrikt. Neffens de taalorganisaasje is De Hûnekop net mear fuort te tinken út it libben fan in soad Fryske jongerein. De priis wurdt elk jier útrikt oan organisaasjes of persoanen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje of makke hawwe … [Lees meer...] overDe Hûnekop krijt Fear yn ‘e broek: ‘Makket Frysk en Fryslân populêr by grut publyk’

Earste fan 100 Lyts gelok-teksten sichtber

19 mei 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneon 17 maaie is de earste tekst ferskynd fan it 100 dagen duorjende projekt ‘Klein geluk | Lyts gelok’ fan Ljouwert UNESCO City of Literature. It giet om de tekst ‘Tu es là?’, ôfkomstich út it koarte ferhaal ‘L’infini’ (It ûneinige) fan de Frânsk-Koreaanske skriuwster Elisa Shua Dusapin. Keunstner Machiel Braaksma ûntwurp de letters en pleatste dy op it Observeum yn … [Lees meer...] overEarste fan 100 Lyts gelok-teksten sichtber

Afûk komt mei Fryske Taallear-app

12 mei 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Minsken kinne har no alfêst oanmelde foar de ‘waitlist’ om mei te tinken oer de app De Afûk is op it stuit drok dwaande mei de ûntwikkeling fan in nije Fryske Taallear-app, yn gearwurking mei Humain’r – ûntwikkeler fan tûke A.I.-oplossingen foar de Fryske taal. It wurdt de earste app dy’t gebrûk makket fan avansearre AI-technology foar útspraakwerkenning spesjaal foar it … [Lees meer...] overAfûk komt mei Fryske Taallear-app

Feestlike oanbieding meartalige berneboeken Waadhoeke

15 april 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Ofrûne moandei 14 april krigen learlingen fan basisskoalle It Bynt yn Winsum in Lêskiste mei Fryske berneboeken kado út hannen fan René de Vries, wethâlder fan de gemeente Waadhoeke, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn't alle skoallen fan de gemeente in fergeze Lêskiste oanbean krije. Yn de meartalige gemeente kin it … [Lees meer...] overFeestlike oanbieding meartalige berneboeken Waadhoeke

Nij taalkado foar âlden

10 april 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

BewardoazeIt Taalkado hat de foarm fan in boek. Dy fleurige en handige ferpakking kin letter brûkt wurde as bewardoaze foar oantinkens út de poppetiid. Yn it Taalkado sitte ûnder oaren: in fleurich kartonboekje mei rymkes foar poppen, in foarlêsboekje, in ferskewaaier, in sêfte slabber, kleure berte-flachjes mei in Fryske tekst en ynformaasje oer meartalich opfieden. Der is … [Lees meer...] overNij taalkado foar âlden

Lysbeth Jongbloed nije praktor Fryske taal en taalfeardigens

9 april 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

It kolleezje fan bestjoer fan ûnderwiisorganisaasje Firda hat dr. Lysbeth Jongbloed-Faber fan Fryske Peallen beneamd as praktor Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst. Se set op 1 maaie 2025 foar 0,5 fte útein. Dêrneist wurket se troch by de Provinsje Fryslân. Lysbeth Jongbloed is op it stuit wurksum as strategysk beliedsadviseur Frysk by de Provinsje … [Lees meer...] overLysbeth Jongbloed nije praktor Fryske taal en taalfeardigens

Nieuw: Sprachen unter der Lupe – Saterfriesisch und Niederdeutsch

3 april 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Wist je dat de Friezen vroeger een eigen naam voor de stad Oldenburg hadden? Of waarom er in de veengebieden in Noord-Nederland en Noord-Duitsland veel plaatsnamen zoals Moskou en Korea voorkomen? Of hoe scholen hun leerlingen met succes het Fries en Nedersaksisch bijbrengen? In de Duitstalige bundel "Sprachen unter der Lupe: Saterfriesisch und Niederdeutsch" geeft een … [Lees meer...] overNieuw: Sprachen unter der Lupe – Saterfriesisch und Niederdeutsch

Poëtyske boekelizzers

31 maart 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Alle seizoenen bringt Ljouwert City of Literature yn gearwurking mei in dichter, byldzjend keunstner en boekhannels in poëtyske boekelizzer út. Dêr fynst alle seizoenen fan it jier in nij skreaun Frysk gedicht op en ek in nije yllustraasje. Elk seizoen kriget in oare dichter in skriuwopdracht. Ek wurde alle gedichten oerset yn it Nederlânsk en Ingelsk. Per kalinderjier … [Lees meer...] overPoëtyske boekelizzers

« Vorige
Volgende »

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Anthony Winkler Prins • Nederland

Ik mocht der Alpen top beklimmen,
Ik zag, in ’t zielbetoovrend dal,
Den sneeuwgloed om hun kruinnen glimmen,
Ik zat er luistrend neêr bij beek en waterval

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Chris van Geel

OVER HONDEN

Wat ik wil is wat honden doen:
op vloeren liggen en bekomen
van niets dan van een eindje los,
een lang eind aan de ketting om.

Bron: Enkele gedichten, 1973

➔ Bekijk hier alle citaten

Agenda

16 april 2026: Oratie Catherine van Beuningen

16 april 2026: Oratie Catherine van Beuningen

29 maart 2026

➔ Lees meer
18 april 2026: Symposium Stille Steunpilaren

18 april 2026: Symposium Stille Steunpilaren

28 maart 2026

➔ Lees meer
17 april 2026: Proefcollege Ecolinguïstiek

17 april 2026: Proefcollege Ecolinguïstiek

24 maart 2026

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

geboortedag
1857 Roeland Kollewijn
1860 Cornelis Kaakebeen
1931 Olga Krijtová
1936 Jacobus Knol
1944 Gerrit Komrij
1949 Jos Hermans
1951 Johan Diepstraten
➔ Neerlandicikalender

Media

Aan het einde van de oorlog

Aan het einde van de oorlog

29 maart 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Jannah Loontjens en Marleen de Vries over Juliana Cornelia de Lannoy

Jannah Loontjens en Marleen de Vries over Juliana Cornelia de Lannoy

28 maart 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Samenvattingsvragen in het examen Nederlands

Samenvattingsvragen in het examen Nederlands

26 maart 2026 Door Arnoud Kuijpers Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact