It straun leit leech en breed.Mooi êve yn ‘t daide fan de teejen,De wiin, de fieuwlereup,it mark allene ‘t gotte swejen.Wat krimpe en heeuwt en wier,de lytje miet fan ‘t gotte, rúme.Nach lytjer ding is hier:in minsk, ferlôren en ferklúme. Pita Grilk … [Lees meer...] overNoderstraun • Pita Grilk
Gedicht fan ‘e wike
Sneontejûn • Pieter Jelles Troelstra
Klokken hear ik klinkenYn de stille jûn;'t Sintsje sjoch ik sinken,Wolkjes sjoch ik blinken,'t Hiele swurk yn 't rûn. Kij stean yn de greidenHeal yn dauwe wei;Feinten gean te meiden,'t Fûgeltsje yn de reidenJout har sankjes mei. Klokken sjonge d' ierde't Leaflikst widzeliet;Soargen moatte skiede,Frede glydt oer d' ierde,Frede, ûntinkber swiet!... D' ierde lei yn … [Lees meer...] overSneontejûn • Pieter Jelles Troelstra
Wynsels • Tryntsje van der Veer
de loft berint aanst dwêst it ljochtik ha myn noeden by Jo brochtik doar se út te sprekken de jûn is rûzich en jout reinik ha myn skyld en swurd delleinik sykje om in tekken de tiid fan warberens is oerit wurdt al stil yn de natoerit ljocht is oan it brekkenas ier om ús de kjeld ferdwyntta teken dêr in stjerre skyntta wynsel is it lekken de loft berint aanst komt de … [Lees meer...] overWynsels • Tryntsje van der Veer
moderne maaie • André Looijenga
mêsten koperglânzgjendmeitsje har út pannedakken, beammenlos, glide beret efter de flatsjeshinne, Ljouwert ûnder ’t pompeblêdskûtsjes stome de stêd wer útde ûnsichtb’re Greuns, de marren op o kultureel briedplak! fan ôfbakte balkontsjes wolle joek op ’t koeltsje ta, it föhndegerslân yn, en oan ’e Iebygelyks – moai fuort –dat teewetter tusken tondeuze-fjild en … [Lees meer...] overmoderne maaie • André Looijenga
Peaskemoandei • Obe Postma
Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;De pols op 't skouder, foarjiers-dronken.Ik bin te âld om dronken te wurden,Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op 'e jasEn wiid set ik de sinnen iepen.Ryk en bliid leit it lân,Griene teisters driuwe fan 'e wâl ôf de sleatten op;Ut it westen komt de fochtige wyn.Efter doarpstún en hiem bliuw ik stean.It âld stek en rou … [Lees meer...] overPeaskemoandei • Obe Postma
ynstjuaring • Joël Hut
beesta skruwrs foir fryssystyk jirkoirtlynd he k noch wer as n beydraagha lezn op a sayt, dear fualfoert op hufolla frymmltsjas aotjim dr wol net bruekka om m bytsjada galuedn guad op papyar ta kreyan ken daot net oars, friigha ik mey au dr binna lettrs dyt dr suevr wol abbomynnabl faon woerda en dr binna ikganaoach goeddns dyt at wer wiaghnom dr miar dinkjas op ta … [Lees meer...] overynstjuaring • Joël Hut
Smoarch ljocht • Arjan Hut
Smoarch ljocht (ferzje 1.5) dit gedicht(sis ik der fuortendaliks by)wol net by de U.S.A. hearre dit gedicht isútsoarte autonoomen lit him / har net platsmiteen betegeljefoar in fakânsjepark(al soene de winsten maksimaal wêze!) dit gedicht skûletyn sikehûzen, yn skoallen entsjerken engjin drone of skerpskutterkin it reitsje (sèls dêr net!) al stie it achter in … [Lees meer...] overSmoarch ljocht • Arjan Hut
Fedde Schurer • Fan de freonskip
Mar dit is freonskip, dy't de libbens bynt:As skouwe siel oan siel syn skruten tinzenBetrouwe doar, en grut betrouwen fynt,De ban ûntslein fan willemoedske grinzen.Yn 't siikjend wurd ferbûn op stille wacht.En djip fersteande ek wat gjin wurden neame;Twa skoftge hynders, dy't yn moannenachtFeriene by deselde hikke dreame. Ut: Samle fersen, 1974 … [Lees meer...] overFedde Schurer • Fan de freonskip
krûpruimte / kruiprûmte • Tsead Bruinja
krûpruimte dit weer smakket barmhartig as in fakbûn weelderich as in zon sinnige muiterij fret oan buik 'n rêch natuer arbeidet oan de installatie frysk makket fan werkwoorden tiidwurden aansens in útbaarnd décorfoar waans gelyk op de flakte waakst túchmei koppich blad dit rûmet net op it nederlands makketfan tiidwurden werkwoorden hollands laket … [Lees meer...] overkrûpruimte / kruiprûmte • Tsead Bruinja
Murns • Lieuwe Hornstra
wyt skûmjende mar!yn 'e lijte fan 'e bosktriljend in reebok Ut: Fersen, 1975 … [Lees meer...] overMurns • Lieuwe Hornstra
It ferrin • Janneke Spoelstra
Ik rin mei ús mem,sy hâldt de stap yn. … Us mem rint mei my,ik hâld de stap yn. Dit gedicht is yn 2021 skreaun foar dichterskollektyf RIXT, nei oanlieding fan de folgjende rigel fan Rixt: de hiele wrâld draach ik op ien fingers-ein, út it gedicht Yn ’t lêstoan. … [Lees meer...] overIt ferrin • Janneke Spoelstra
Yn ’t lêstoan • RIXT
Dy't altyd yn myn libben wie, my it neiste,myn taflecht fan ûneind'ge feiligens,yn al wat wiksele de fêstichheid,is no myn dochter waarn, is no myn bern. Tin sulver wyndert om myn fingers hinneen oer de leave lea, dy't me earen droegen,binn' soarchsum no myn hannen gear; o, 't lokfan har betrouwend rêsten yn myn noed. Ik hear har núnderjen: hiel âlde sankjesút bernetiid, … [Lees meer...] overYn ’t lêstoan • RIXT
Wetten • Rein Baukes Windsma
Wat hearre de wetten te wêzen? –Hânwizers oan 't paad, dy't, ienfâldich en sljucht,De mjitte en natoere fan plicht en fan rjucht Us oanwize en jouwe te lêzen. – Wat binne hjoeddeis soms de wetten? –Dwaalljachten op 't paad, dy't, swietfierich en sêft,De froede en onnoaz'le faak liede yn 'e grêft, Of weifiere yn strûpen en netten. – Wat oft wol de wetten … [Lees meer...] overWetten • Rein Baukes Windsma
Ivichheidsformule
alsoe langhe, soe di wynd fan dae vlkenum wayth ende ghers groyt ende baem bloyt ende dio sonne optijocht ende dyo wrald steed Aldfrysk fragmint, likernôch 1460 … [Lees meer...] overIvichheidsformule
Coda: • Sybe Sybesma
Gehuil van zee en windenuiteengeslagen ligtder laatste eensgezindenaan 't strand de vloot, gezwicht. Kon zij dit lot niet weren,raakte haar niet dit wildomkomen? Ongestildmoeten zij wederkeren! Sybe Sybesma, En Marge, 1978. … [Lees meer...] overCoda: • Sybe Sybesma
Maaie op it iis • Pieter Jelles Troelstra
Joech de maitiid folle wille,Ek de winter is my djoer;As 'k dy sjoch, sa moai en krigel,D'eagen fol fan heger fjoer. Mei de faam der oer te waaien,Wat in wille foar in Fries!Binn' de beammen keal en neaken -Dat is: maitiid op it iis. 1881. Pieter Jelles Troelstra, út: It sie fan moarn, geselecteerde gedichten, 1999 … [Lees meer...] overMaaie op it iis • Pieter Jelles Troelstra
oars bin ik mei dy / anders ben ik met jou • Tsead Bruinja
oars bin ik mei dy eigen bin ik dy net langer frjemdomjûn ûntjûn opjûn troch dymei wa't it dik oan is mei wa't ik troch it libben geanmei wa't ik troch it libben moatbin ik oars oars bin ik mei dyoars en neaken eigen bin ik dyûntsifere besifereopnaam dield eigen net langer frjemd beam fiich en blêd binne wybleat yn ús genedige feltsjes fan ljocht strûpt … [Lees meer...] overoars bin ik mei dy / anders ben ik met jou • Tsead Bruinja
Studentikoas intermezzo • Sybe Sybesma
It Krystkongres to Frjentsjeris altyd in moaije boel:wy sitte fol soarch om Fryslân,mar hat it winliken doel? Yn'e Bogt fan Guné binn' de famkesoannimliker as oeral oars;myn Fryske probleem dêr is ditte:in oarenien sjit yn'e roas. Men kin better frije as tinke,wol men op'e takomst ta - theoryën binn' moai foar gelearden,mar it libben wol neiteam ha. Forjow my, dou Anke … [Lees meer...] overStudentikoas intermezzo • Sybe Sybesma
In winternarratyf • Janneke Spoelstra
Wurdt de grûn hyt ûnder de soallen,hâld de holle koel.Wurd sniebal, wês iis yn ’e sleat.Bist de redens, of de spikes?Glyd as iisblokje by in hals of nekke yn. Wês de skos dy’t fêstset,in baan oer in hynste-izen mar,in iispylk dy’t oan in oesdrip groeit,in wek dat tichtfriest. De wrâld hat der ferlet fan. Wurdt dy in reis oanbean, makkest de reis?Yn ’e frede wolst in lân … [Lees meer...] overIn winternarratyf • Janneke Spoelstra
Har sang • Simke Kloosterman
In boat driuwt fier fan hûs,Wat lokket it weachgesûs,De skipper is mymrjend allinneMei loft en weagen en sinne, In boat driuwt oan op 't strân,Him wachtet lok op it lân!De wille, syn sin, syn Marije...De lokjende weagen swije... Hy fynt yn it doarp syn faam;As frjemdling is hy der kaam;Hja lake sa wyt en sa derten,Him hat s' al jierren fergetten! In boat driuwt fier … [Lees meer...] overHar sang • Simke Kloosterman
Ien lân? • Obe Postma
Der binne rju lânen dy't ik mines neam,Dêr't ik swalke en my dellein ha;In part, dat namme hawwe mei,Fan it ierdryk bestrike hja. Yn it iene haw ik myn sangen dreamd,Om my hinne it ljochte gea;In liddige ruter, in swervend man,Dy't fynt oan 'e wei syn brea. Yn it oare haw ik de wiisheid sochtEn reizge de skoallen ôf;In jonge mûnts, gong ik op en delYn it koele … [Lees meer...] overIen lân? • Obe Postma
Rein-liet • Eeltsje Halbertsma
Reintsje, reintsje, brûs,Wy sitt' hjir waarm yn hûs!De do sit yn de beam te koeren,In poes sit ûnder 't tek te loeren:Reintsje, reintsje, brûs,Wy sitt' hjir waarm yn hûs! Reintsje, rein en meitsje wiet,Wat rûkt dat yn 'e bosken swiet!Blomkes hingje slieprich slopEn beslut har yn de knop:Reintsje, reintsje wiet,wat rûkt de bjirk hjir swiet. Reintsje, reintsje, sûsFan … [Lees meer...] overRein-liet • Eeltsje Halbertsma
Ballade fan de Sinteklazeboer • Douwe A. Tamminga
Yn ‘t hertsje fan Hinnaard’rradiel stiet earne in boerehûs, dêr ‘t hiel wat jierren lyn op wenne in jonge widdo. ‘t Wie dêr rom, in oare stjelp yn ’t wiid rûnom koe amper men bekenne. Dy pleats, sa wol in âld ferhaal, yn yprenbeammen yl en skraal, te waaid en heal ferwile, dêr hat op in desimbermoarn him ienkear in hiel … [Lees meer...] overBallade fan de Sinteklazeboer • Douwe A. Tamminga





















