• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Op syn Feensters 2

10 juli 2025 door Reitze Jonkman Reageer

Boekomslach Ut Feensters

It twadde diel fan Op syn Feensters, skreaun troch Reitze Jonkman (fan Nijskoat) nei oanlieding fan Willem Winters, Ut Feensters; hoe staat het ervoor. Leeuwarden 2006.

Yn de earste ôflevering oer it Feensters haw ik al wiisd op in alderaardichst boekwurkje oer it Hearrenfeanster dialekt: Ut Feensters. De skriuwer Willem Winters hat as net-taalkundige op in sjoernalistike wize sûnder allerhanne jargonfekjes in ynformatyf oersjoch delset, dêr’t ik tankber gebrûk fan makke haw. As frisist/nearlandist besykje ik om it dialekt fan It Feen al yn in algemiener taalsosjologysk en taalkundich ramt te setten. Ut de histoaryske achtergrûnen fan ôflevering 1a en 1b kaam de slim te gripen status nei foaren dat it Feensters net echt ‘Stedsk’ wie, omdat it te ticht op it Nederlânsk siet. It kategorysearjen mei ‘Stedsk light’ liket dy lading neffens my it bêste te dekken, in namme yn de geast fan ‘flekke’; in grut doarp dat net oan de stedsstatus takommen is. Yn dizze tredde ôflevering sil mei taalsosjologyske en taalkundige begripen besocht wurde om it fierder te pleatsen.

Yndruk fan it Fryske Nederdútsk yn de achttjinde iuw

Yn de earste ôflevering (1a) oer it Feensters is al koart opmurken dat de migraasje en de ynkommen migraasjetaal fan bûten Fryslân fan it begjin ôf oan in stevich stimpel drukt hawwe op de taalmienskip fan de flekke. Oannommen is dat dy taal it dialektale Nederdútsk fan dy tiid wie, dat ek yn de Fryske stêden en yn de hegere rûnten fan Fryslân praat waard. Op grûn fan wat der yn it Stedsk fan Ljouwert yn de twadde helte fan de achttjinde iuw oantroffen is by bygelyks Anne Jeltema syn Vermaak der Slagterij, is in yndruk te krijen fan wat der yn dy tiid ek op It Feen oanwêzich wêze moatten hat. Ditsoarte taalgebrûk is ek yn de oare gruttere Fryske stêden werom te finen (Sjoch skema 1).

(by)lûdfoarbylden
<ú>‘stuver’, ‘buten’, ‘wude’
<i/y>‘wize’, ‘tiden’, ‘myn’, ‘lyk’
<eu>‘speule’, ‘teugen’ en ‘seumer’;
<ea>‘keerzen’, ‘deen’, kees
<u>‘sundag’, ‘sukke’, ‘mutte’ en ‘wurde’
<ie>‘gien’, ‘allienig’ en ‘twie’
<ië, oë>‘siën’, ‘doën’,
<o>‘dogte’, ‘hè dogt’
<kk, mm>‘dakken’, ‘kwammen’
<-ers>‘kynders’, ‘eiers’
<-ke>‘meiske’, ‘húske’
<t(s)je>‘bitje’
<-n>(ik/jou) ‘gaan’, ‘doen’, ‘sien’
<-st>(dou) ‘hest’, ‘bist’, ‘wúst’
<-e>(jou) hewwe, binne, wuden
<0 >(ik hè/bin) et ‘seid’, ‘weest’ en (wij) ‘love’
Skema 1: Typearjende (by)lûden fan it Fryske Nederdútsk (Jeltema, 1823).

Fansels binne der yn dy iuwen ek guon wurden út it Frysk ynslûpt: wurden as ‘jimme’ en de sinsfolchoarder (hy het et) ‘falle laten’ en de ‘hurde g’ [g] (Sjoch foar in algemien oersjoch fan de Wurdlisten fan ‘e Fryske stedsdialekten fan Pieter Duijff 1998).

Wat is der fan dat Iermoderne Fryske Nederdútsk letter yn it dialekt fan it Feen werom te finen? Pas yn it lêste fearn fan de njoggentinde iuw binne der troch in grutte lanlike dialektenkête fan it Aardrijkskundig Genootschap (1879) taalkundige data beskikber. Hûndert sinnen binne troch twa Feensters oerset en dêr kamen grutte oerienkomsten mei it oare Stedsk út (Sjoch skema 2).

(by)lûdFoarbylden
<ú>hús, mús, krús, slús, ruke, struken, druven, buten, buge
<i/y>syn, wyn, kyk, ryk, blydschap, fine, betiid
<eu>seun, neuten, feul, seuven, teugen, keuning
<ea>kee(r)s, pee(r)d, hee(r)d, beer)d, kees
<u>sundag, mot
<ie>Steen
<ië, oë>Doën
<o>docht
<kk, mm, ensfh.>Bladden, zaggen
<-ers>Eiers
<-ke>Glaske, korfke, foske
<tsje>Potsje, pantsje, gatsje, mondsje, handsje, foetsje
<-n>ik gaan
<-st>0
<-e>Jou wete
<0 >ik he et seid, ik bin weest, ik hè leefd en (wij) gelove
Skema 2. Typearjende (by)lûden fan it Feensters (Aardrijkskundig Genootschap,1879)

Fierder binne noch in pear losse wurden bekend fan it Fryske Nederdútsk as ‘kynders’, ‘meiske’ en ‘o(r)ten’ yn de enkête oantroffen. Echte frisismen lykas ‘jimme’ komme inkeldris foar of it moat op it fonetyske flak wêze mei it stommeitsjen fan de [r] yn wurden as ‘pee(r)d’ en de diftongearring yn wurden as ‘doën’. De enkête hat net nei wurdfolchoarders as ‘falle laten’ frege. As men op de folsleine list fan dy enkête ôfgean mei, dan is der – útsein it ûntbrekken fan <ie> yn steen, wat oars ek al yn de stedsdialekten fan Fryslân geande wie yn dy tiid – ‘neat mis mei’ it Feensters wat de taalkundige kant oangiet; it soe likegoed Snekers of Leewarders wêze kinne, mar nêst de neamde foarmen steane der ek wurden yn as ‘hebbe’, ‘motte’ (gjin ‘mutte’), dêr wykt it ôf fan de oare fan oarsprong Nederdútske dialekten.

            De lêste grutte dialektenkête fan Boelens en Van der Woude yn 1955, mear as 75 letter, befêstigje de útkomsten fan skema 2. Sels de <eu>- (‘seun’, ‘neuten’) en <ee>-lûden (‘wee(r)d’, ‘hee(r)d’) en ‘ik loof’ binne oanwêzich, yn oare dialekten yn de stêd binne dy sels al oan it útfallen. Tagelyk binne der ek Nederlânskere foarmen as ‘dacht’ (foar ‘docht’), ‘bloemen’ (foar ‘blommen’), ‘brenge’ (foar ‘bringe’), ‘waard’ (foar ‘weerd’), ‘staart’ (foar ‘steert’) en sokken fierder. De frekwinsje fan de ferskillende foarmen yn it gebrûk stiet der net by, dêr soe mooglik ek in ferklearring fan it Stedsk light yn sitte kinne. By de beskriuwing fan de dialektkaarten dy’t letter by dizze enkête makke is, wurdt noch opmurken: ‘In Heerenveen nadert de taal in groote mate het Nederlandsch; (…).’ Dat soe in foarsichtige oanwizing yn de rjochting fan it fariabel brûken fan dialektismen wêze. Wy sjogge earst nei de sosjolingwistyske teory dêroer.

Teory William Labov (1927-2024) oer taalfariaasje

De ferline jier ferstoarne William Labov hat yn de jierren sechtich fan de foarige iuw mei fernijend ûndersyk wiisd op de fariabiliteit yn taalgebrûk; dialektale foarmen wurde net hieltyd konsekwint brûkt yn sprektaal, mar ôfwiksele mei standertfoarmen. Hy lei dat fêst yn de saneamde fariabele regel, sintraal yn de sosjolingwistyk. Foar it Feensters soe dat ynhâlde dat der in kontinuüm bestiet tusken it dialekt en it Nederlânsk, dêr’t de Feenster op hinne en wer skowe kin; soms hiel frekwint mei Feenster foarmen, dan wer hielendal sûnder (Sjoch skema 3).

Skema 3. De fariabele regel foar de stedsdialekten yn Fryslân (Jonkman en Versloot, 2025:, s.370).

Dat dy fariabele regel ek foar it Feensters opgiet, kin mei in pear sitaten út it boek fan Cissy van Marxveldt De enige weg yllustrearre wurde. ‘‘Wat seg je daarvan Klaas?  Daar hê je Puck. Ik hê je wel kuiren sien, kien. (…) ‘dat hê je mar goed daan, kien.’ [s.115]. Yn hê je en seg je wurdt de persoansfoarm en it ûnderwerp hjir ek ôfwiksele mei it Stedskere je komme, hewwe jou, segge jou en jou krije [s.116-117]. Sien en kien sille wol as in monoftong útsprutsen wêze en daan is Nederlânsker as it Stedske deen. Ek al binne it mar in pear tafallige sitaten, dochs jouwe dy nei alle gedachten in moaie blik op de werklikheid fan dy tiid. It liket wol op de omskriuwing fan Hof syn ‘Hollandsch in Friesche mond”.

            Achterlizzende sosjale driuw achter dy fariaasje is it stribjen fan de Feensterspraters om it Nederlânsk mei it hegere prestiizje te praten. Dat stribjen leit in druk op de dialektfoarmen dy’t stadichoan fuorttreaun wurde. It is te ferlykjen mei in cafétiere dêr’t it kofjegrom stadichoan yn nei ûnderen treaun wurdt. It Nederlânsk bliuwt as ‘suvere kofje’ (++++) oer, de dialektfoarmen sakje sosjaal ôf (—-) en fertinje (–+ -); de ‘lightheid’ fan it Stedsk (Sjoch ôfbylding 1).

Ofbylding 1. Ferliking mei in cafétiere dêr’t it kofjegrom stadichoan yn nei ûnderen treaun wurdt (Jonkman en Versloot, 2025:, s.372).

In dialektfoarm ferdwynt net fan de iene op de oare dei. Winkler tocht yn 1867 dat it Leewarders oer hûndert jier wei wêze soe… De saneamde S-kurve fan Chen jout it ferdwinen fan in bepaald lûd yn ferkate wurden skematysk oan (Sjoch ôfbylding 2).

Ofbylding 2. De saneamde S-kurve fan Chen (1972)

In lûdferoaring lykas de <ee> nei <aa> manifestearret him earst stadich yn in pear wurden, wêrby’t wurden mei in fariabele regel ôfwikseljend brûkt wurde (‘leksiale diffúsje’). In hypotetysk foarbyld: ‘eerde’ -> ‘aarde’. As dy fariaasje him stevich ferankeret, geane mear wurden yn ferhege tempo mei yn dy feroaring: ‘neerstig’ > ‘naarstig’, ‘peerd’ > ‘paard’, ‘keers’ > ‘kaars’, ‘lanteerne’ > ‘lantaarne’, ensfh. Op ‘e ein fan it proses bliuwe noch in pear wurden oer dy’t lang om let meigeane, mar mooglik ek oerbliuwe, saneamde relikten: ‘Wie het kleine niet eert, is het grote niet weerd.’

            Mei dat slûpende proses yn de achterholle binne útspraken oer it Feensters ek better te pleatsen. Yn de bibel fan de Nederlânske dialekten yn Fryslân  Avondrood (1944) troch Burger wurdt by IX. Heerenveen (s.250) neamd: ‘Inderdaad is de ontfriesing van Heerenveen een proces uit de laatste tachtig jaar.’ [twadde helte 19de iuw]. As lêste hellet Burger noch in sekere Kramer oan dy’t him trochdie dat:

het dialekt (hem) wonderlijk in de oren klinkt: “Het is een mengelmoes van de Hollandsche (eerst vooral Utrechtse [Burger liket hjir te ferwizen nei de twa leden fan de kompanjy Van Cuijk en Foeyt, dy’t oars festige bleaunen yn Utert, RJ] bovenlaag, de Gietersche en andere inwoners van Noord-Overijssel (…).”

Ofsluting

It Feensters liket in stille dea as dialekt stoarn te wêzen foardat it echt ta in sosjaal folwoeksen identiteit komme koe. As útsmiter noch twa sitaten oer de dizigens fan de identiteit en de betiteling mei regiolekt, stedsk kleure Nederlânsk, dat der noch fan oerbleaun wêze soe, lykas dy no op ynternet te finen binne. By it yntypen fan ‘Feensters’ op Google Sykjen kom ik út by ‘Vensters’. Inkeld as ik de sykterm feroarje yn it Fryske ‘Feanstersk’, wurdt der in fantasyrike oarsprong en beneaming oan dit Nederlânske dialekt jûn op wikipedy:

It Feanstersk (Feanstersk: Feensters) is in dialekt fan it Stedsk dat foarhinne op It Hearrenfean sprutsen waard. Dizze taalfoarm ûntstie oarspronklik yn ‘e rin fan ‘e achttjinde iuw om It Oranjewâld hinne, dêr’t de Fryske steedhâlders in bûtenpleats ûnderholden. Mei’t Oranjewâld sadwaande ek wol “it Fryske Haachje” neamd waard, stie it Feanstersk lang bekend as “Haachjefrysk” of “Haachjesfrysk”.

Omskriuwing op Wikipedia (juny 2025)

It komôf fan de bynamme foar it plak wurdt hjir wûnderlik ferwiksele mei it komôf foar de taal. Noch in twadde sitaat op wikiwand:

Oer it hjoeddeiske sprekkerstal binne gjin sifers bekend, mar neffens alle wierskyn wurdt it net mear aktyf brûkt. Wol liket der op ’t heden in regiolekt fan it Nederlânsk mei wat lokale eleminten op it Hearrenfean yn gebrûk te kommen, mar dat is net it oarspronklike Feanstersk. By in enkête foar de saneamde Spreektaalatlas die yn 2023 bliken dat krapoan 40% fan ‘e ynwenners fan It Hearrenfean “faak” de moderne Feanster sprektaal brûkt (sitaat fan Wikiwand (juny 2025). Lêste kursivearring taheakke troch auteur Jonkman).

Dat, op it webstek Feanstersk fan wikiwand wurdt it dialekt net inkeld as útstoarn ferklearre, mar krijt ek nochris ynwreaun dat it net in selsstannich dialekt wie mar in mingtaal fan it Frysk. It Feensters soe him yn syn grêf omdraaie!

Biografy

Boelens, K. en Van der Woude, G. (1955). Dialect-atlas van Friesland (Nederlandse en Friese dialecten). De Reeks Nederlandse Dialectatlassen en het Fries, nr. 15. Antwerpen.
Chen, M. (1972). ‘The Time Dimension: Contribution toward a Theory of Sound Change.’ Yn: Foundations of Language 8, 4,: 457-498.
Duijff, P. (1998). Wurdlisten fan ‘e Fryske stedsdialekten. Ljouwert.
Jeltema, A. (1823). Het Vermaak der Slagterij. Leeuwarden.
Jonkman, R.J. en Versloot, A. P. (2025). Het Friese ‘Nederduits’. Afûk.
Kern, H. (1879). Enquête van het Aardrijkskundig Genootschap van Nederland.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: 18e eeuw, 19e eeuw, 20e eeiw, taalkunde, taalsociologie

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d