Okkerdeis fette Marc van Oostendorp op Neerlandistiek in nijsgjirrich stik fan Astrid van Alem gear. Dêr nimt se de tried yn op fan in lang rinnende diskusje oer bynwurdbûging yn it Frysk. Wat ding oft it ûnderstreke stobbeleintsje -st yn bygelyks … datst der moarn by bist is, dat witte wy nammentlik noch altyd net krekt. Dat jildt ek foar de wat gruttere stobbeltsjes -ste en -sto.
In klitysk foarnamwurd?
Astrid van Alem wol derop ta dat de Fryske bynwurdútgong in klitysk foarnamwurd is fan in type dat foar in φP (rûchwei: in abstrakte haadwurdgroep mei bûgingsskaaimerken) yn it plak stiet. Bynwurdbûging yn it Limburchsk, sa wol se ha, is ek in klitysk foarnamwurd, mar dan fan in skift dat in NP (rûchwei: in abstrakte haadwurdgroep sûnder bûgingsskaaimerken) ferfangt. Dat ferskil tusken beide talen ferklearret dat bynwurd en foarnamwurd yn it Frysk altyd lyk achterinoar oan komme, wylst der yn it Limburchsk wat tusken stean kin – dêr’t it stobbeleintsje dan oan fêst klibbet. Dat sjocht der dan sa út:
- … datst ek do de wedstryd winne silst. [wankantich]
- … dat auchst dich de westrijd geis winne. [poerbêst]
Al hoe fernimstich oft dat ferhaal is, ik ha de yndruk dat it boud is op in ûnterjochte oanname. Dat sit sjesa: frou Van Alem bringt fiif arguminten by foar har idee as soe it Fryske -st in foarnamwurd wêze ynstee fan in bûgingsútgong. As men sjocht nei de taalfeiten dy’t se dêrfoar op it aljemint bringt, dan binne dat net sokke gekke arguminten, mar sjocht men justjes djipper yn ‘e marse fan it Frysk, dan freegje ik my ôf oft der noch wol ien fan op fuotten bliuwt.
Argumint 1: gjin pro-drop
It earste argumint is dat it Frysk net in pro-drop-taal wêze soe. Yn ‘e fakliteratuer wurdt gauris oannaam dat men it foarnamwurd do yn it Frysk weilitte kin, mei’t de útgong -st sa opfallend is dat er wol sûnder foarnamwurd kin. Sjocht men nei it stobbeleintsje -st fuort achter tiidwurden en bynwurden, op plakken dêr’t ek in folslein foarnamwurd do stean kin, dan kin men wol úthâlde dat it oan ‘e iene kant wat hat fan in bûgingsútgong en oan ‘e oare kant wat fan in foarnamwurd. Inkeld mei dy feiten yn ‘e hân is it dêrom wier net raar om te tinken dat it Fryske -st eins in foarnamwurd is en dat it Frysk dus net in pro-drop-taal hoecht te wêzen.
Allinnich komt pro-drop yn it Frysk likegoed yn V2-sinnen foar – dy’t der troch it fuortlitten fan it foarnamwurd op it foarste sinplak dan as V1-sinnen útsjogge. It petearke hjirûnder makket dat moai dúdlik:
- Jan: Mem, ik kin it net!
Mem: Kinst it wol!
Dat kinst it wol fan mem is in bewearing. Se hie ek Do kinst it wol sizze kinnen. Net inkeld dy parafraze en de klam meitsje dúdlik dat it net in fraach is (mei in weilitten do achter de persoansfoarm). De ynterpretaasje fan it partikel wol docht dat ek. Dat soe yn in fraachsin ynterpretearre wurde as in fraachpartikel, wylst it hjir it tsjinoerstelde is fan net. Dat makket dat de sin fan mem in bewearing is neffens it mal ûnderwerp-persoansfoarm-rest.
Argumint 2: rûnom oan fêstplakke wolle
It twadde argumint is dat der net safolle talen binne dy’t deselde bûging op allegear ferskillende wurdsoarten ha, lykas fraachwurden, betreklike foarnamwurden, bynwurden fan ferliking en ûnderskikkende bynwurden. Dat makket it neffens de skriuwster ûnwierskynlik dat it Frysk soks al ha soe. De fraach is allinne oft it Frysk der wier fan hat. Wat liket op bûging op in fraachwurd, ferlikingsbynwurd of betreklik foarnamwurd, dat kin yn it Frysk nammentlik ek wolris sljochtweihinne bynwurdbûging wêze. In argumint dêrfoar is dat yn de sinnen dêr’t yn de twadde persoan iental -st ferskynt, by oare ûnderwerpen in ûnderskikkend bynwurd ferskine kin, al as net yn de foarm fan in klityske ’t. Dat litte de neikommende sinnen sjen:
- … hoe’tst it dochst.
- … hoe’t it dien wurdt.
- … hoe oft it dien wurdt.
- … de man dy’tst sjoen hast.
- … de man dy’t ik sjoen ha.
- Ik bin grutter asto bist.
- Ik bin grutter as datsto bist.
Argumint 3: it feroaret net fan foarm
It tredde argumint foar de foarnamwurdlike status fan -st is dat dat altyd en oeral krekt-en-gelyk bliuwe soe, wylst echte bûgingsútgongen noch wolris oars foar de hearen komme wolle op in oar plak yn ‘e sin. Sa hat it Nederlânsk jij loopt (mei -t), mar loop jij (sûnder -t). Soks hat it Frysk lykwols ek. Ommers: as do foar de persoansfoarm stiet, dan kin dy it úteintsje -ste krije, mar lyk foar do wol dat net, dan moat men -st brûke:
- Do biste my altyd yn ’t hert! [poerbêst]
- Altyd biste do my yn ’t hert! [wankantich]
Ik wit wol dat der oer dat -ste folle mear te fertellen is en dat men dat oerflakkige ferskil miskien fuortredenearje kin, mar om no samar te sizzen dat oeral en altyd itselde úteintsje achter oan in tiidwurd hinget, dat is wat te koart om ‘e hoeke.
Argumint 4: notiid en doetiid gelyk
As fjirde argumint bringt frou Van Alem by dat de tiidwurdútgong -st yn de notiid en de doetiid gelyk wêze soe, wylst de tiidwurdútgongen fan de earste en tredde persoan yn de notiid en doetiid ferskillend binne. Soks komt yn wrâlds taalskat net in protte foar.
Wisse wier is it tiidwurd gean dat de skriuwster as foarbyld brûkt in gefal fan sok nuver dwaan fan it Frysk: do gie-st en do gong-st ha itselde úteintsje. Gean is lykwols in ûnregelmjittich tiidwurd. Men soe better de regelmjittige -je-klasse as foarbyld neame kinne, dy hat no just as typyske eigenskip dat – foar it uterlike – deselde foarm brûkt wurdt yn de notiid en yn de doetiid fan de twadde persoan iental (do fregest it no – do fregest it juster).
Regelmjittige tiidwurden fan de -e-klasse ha lykwols al ferskillende útgongen yn ‘e beide tiden. Tink oan do boust no neist do boudest juster. En it ûnderskied wurdt fansels ek makke yn pearen lykas do witst – do wistest en do rekkenst – do rekkendest – as dy der ek net by elk op troch kinne. Men kin dêr noch tsjin ynlizze dat men inkeld nei it eintsje -st sjen moat, net nei it stikje -te- of -de- of -e-. Dat soe terjochte krityk wêze. Allinne: soe men sa tinke, dan soenen it Hollânsk en al dy oare talen mei pearen lykas wij dansen en wij dansten de algemien-talige observaasje dêr’t it om te rêden is dwarse kneppels smite.
Argumint 5: by lûdwiksel docht de 2e persoan wat oars as de 3e
Foar argumint nûmer fiif wurdt inkeld it Limburchsk mar brûkt. Dat hat, lykas safolle Germaanske talen, lûdferoaring yn de twadde en tredde persoan iental fan guon tiidwurden. Njonken help ik sizze de Limburgers hulps toe en hulp her. De twaddepersoansfoarm hat al noch in útgong, mar by soksoarte tiidwurden krijt de tredde persoan net ien. Neffens frou Van Alem docht dat útwizing dat de bûgingsskaaimerken foar de hearen komme as in wiksel fan it stamlûd ynstee fan in útgong. Dat de twadde persoan dan doch in bylûdich eintsje hat, soe dan betsjutte dat dat net in útgong wêze kin. Foar it Limburchsk mei dat sa wêze, mar der binne ek Friezen dy’t bygelyks ik slaan – do slachst – hy slacht sizze. Dyselden soenen neffens dy redenaasje dan op hy slacht ek net in bûgingsútgong brûke. Dat dogge se fansels al – en as se dat by hy dogge, kinne se it by do ek dwaan.
Einsluten
Dat: dat it Fryske -st net in útgong wêze kin, dat liket my lang sa beskiedenlik net ta as dat Astrid van Alem tinkt. De fiif arguminten dy’t se derfoar bybringt, binne yn alle gefallen net oer alle boegen deugdlik. En as it ûnwis is oft -st ynstee gjin klitysk foarnamwurd is, dan is it bouwurk dat op dy oanname stiet, fansels ek wippelich.
Eric Hoekstra zegt
Moai beärgumintearre.