Nei oanlieding fan Hester Terpstra har skripsje “Ferbine of ferbrekke?” “Verbinden of verloochenen?” Op zoek naar de betekenis van het Fries binnen het Openbaar Bestuur van Friesland. Thesis Executive MBA Public & Private. Nyenrode Business University. Z.pl. 2024. It maatskiplik funksjonearjen fan it Frysk wurdt út allerhanne ynfalshoeken wei en op ferskillende manieren … [Lees meer...] overOp syn ‘Bestjoersk’
Frisistyk Artikel
Bedriuwen: praat mar Frysk
Bedriuwen yn Fryslân steane foar in drege kar: moatte de klanten yn it Frysk of yn it Nederlânsk oansprutsen wurde? Omdat net elkenien Frysk praat en wol elkenien Nederlânsk, falt de kar dan al gau op it lêste. Somtiden giet in bedriuw safier dat Frysk praten tsjin in klant sels ferbean wurdt, lykas by de ING it gefal wie. Allinnich mar Nederlânsk brûke liket foar in bedriuw … [Lees meer...] overBedriuwen: praat mar Frysk
Waarom Wopke een man is en Wopk een stoere vrouw
Volgens de voornaamkundige Gerrit Bloothooft is Friesland de Nederlandse provincie met de meest afwijkende voornaamkeuze. Dat zal verband houden met het feit dat er ook veel meer Friese dan Nedersaksische, Limburgse of Brabantse namen zijn. In een artikel in het Journal of Germanic Linguistics beschrijven Geert Booij en Willem Visser één manier waarop de omvang van de Friese … [Lees meer...] overWaarom Wopke een man is en Wopk een stoere vrouw
Verschillen tussen het Nederlandse ‘genoeg’ en z’n Friese cognaten
Het Nederlandse woord genoeg en z'n Friese cognaten hebben zich niet helemaal op dezelfde manier ontwikkeld. Zowel hun betekenis als hun plaatsbaarheid in zinnen en woordgroepen is verschillend. De Friese talen verschillen onderling ook weer. Ik geef hier voor genoeg-onderzoekers een klein (vrijwel zeker onvolledig) overzichtje van verschillen die mij zijn … [Lees meer...] overVerschillen tussen het Nederlandse ‘genoeg’ en z’n Friese cognaten
Nederlânsk boppe op twatalige ferkearsbuorden, mar dan wol lykweardiger oan it Frysk
Yn desimber ferline jier hawwe Provinsjale Steaten fanwegen ferkearsfeiligens besletten om it Nederlânsk op de te pleatsen twatalige buorden boppe it Frysk te setten. By beide troch in ekstern buro útstelde mooglikheden is lykwols net besocht om de dominânsje fan de boppesteande taal te kompensearjen foar de ûndersteande taal. Dat sil foar in part feroarsake wêze trochdat der … [Lees meer...] overNederlânsk boppe op twatalige ferkearsbuorden, mar dan wol lykweardiger oan it Frysk
In byld fan Gysbert
De twajierlikse provinsjale Gysbert Japicxpriis is 11 oktober útrikt oan Elmar Kuiper. Hy krige de heechste Fryske literêre ûnderskieding foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. De priis wurdt om bar oan poëzy en proaza takend, en bestiet al sûnt 1947 út in jildbedrach en in oarkonde. Tresoar fersoarget it proses by dizze priis, fan it oansykjen fan de advyskommisjeleden oant … [Lees meer...] overIn byld fan Gysbert
Op syn kreas Frysk
By it yn it ljocht jaan fan Dat is moai Frysk! Ljouwert 2025. Tekst: Welmoed Sjoerdstra. Konsept en kreaasje: Doutsen Jellema, Harm van Zuiden, Lisa Boersma, Stephan Berger, Tjeerd Kooistra en Welmoed Sjoerdstra. ISBN: 978 949 331 8724 Priis: € 14,95 Tal siden: 96. Ynlieding Yn de tiid dat ik noch foar de klasse yn it fuortset ûnderwiis stie, brûkte ik it lesboekje De … [Lees meer...] overOp syn kreas Frysk
Komt heit hast yn?
Yn Fryslân kinst ien net allinnich mei ‘do’ of ‘jo’ oansprekke, mar ek yn de tredde persoan, lykas yn ‘Mem, kin mem my helpe?’ Dat bart faak yn de famyljesfear, mar komt ek foar op de wurkflier of op skoalle, lykas in studint dy’t my freget ‘Hat Gerbrich de tentamens al neisjoen?’ Dy gewoante makket de Fryske oansprekfoarmen in nijsgjirrich ûnderwerp fan ûndersyk. Want wêrom … [Lees meer...] overKomt heit hast yn?
Op syn Boersk
Nei oanlieding fan de Conference of Frisian Humanities 12-14 novimber 2025 yn Ljouwert. Konferinsjes mei fakgenoaten binne meast hiel ynspirearjende gearkomsten dêr’t men yn koarte tiid in hiel soad nije ynsichten en fynplakken op in skaaltsje oanrikt krijt. Yn de skoften kin der fuort moai oer trochpraat wurde. Der hoecht (noch) net yngeand literatuer- of argyfûndersyk foar … [Lees meer...] overOp syn Boersk
Dat is gjin raven mar in rjûn!
Friesland wordt weer Frieser van taal, leert ons nieuw onderzoek, maar het kan Frieser nog, want de taal herbergt inmiddels vele Nederlandse woorden waarvan oorspronkelijk Friese evenknieën bestaan of te achterhalen zijn, zoals rjûn naast raven/raaf. Afzondering en invloed Mede dankzij de uitgestrekte venen en moeren die vroeger de wereld der Friezen … [Lees meer...] overDat is gjin raven mar in rjûn!
Hier blijven de vrouwen
Lezing uitgesproken op 12 november 2025, ter verluistering van de presentatie van Wêr bliuwe de froulju door Janneke Spoelstra. Waar blijven de vrouwen, zo luidt in Nederlandse vertaling het boek dat hier vandaag zo feestelijk gepresenteerd wordt. Op die titel sla ik direct aan, want dat is precies wat ik ook altijd zeg: waar blijven ze? Waarom worden vrouwelijke economen … [Lees meer...] overHier blijven de vrouwen
Op syn nijer Frysk
Nei oanlieding fan de publikaasje fan Dekker, S., Stefan, N, Van Seijen, F., Dijkstra, J., La Roï, C., Heeringa, W., & Kircher, R. (2025). Taal yn Fryslân: In nije koers. Fryske Akademy. Ynlieding Yn 1956 is de earste grutskalige taaltel-enkête ferskynd oer de taalferhâldingen yn Fryslân: Boelens en Van der Veen, De taal van het schoolkind in Friesland. Cijfers en … [Lees meer...] overOp syn nijer Frysk
De earste Fryske taalkundige hiet fan Jan de Vries
Okkerlêsten kaam yn Gent in trettjinde-iuwsk hânskriftfragmint fan in kommentaar op de Institutiones grammaticae (‘Ynlieding ta de taalkunde’) fan Priscianus oan it ljocht. Oan ’e ein fan de Latynske tekst wurdt as auteur ien “Johannes de Frisia” neamd. Dy Jan de Vries koe dêrmei wolris de âldstbekende Fryske taalkundige wêze. Fragminten fan hânskriften binne foar … [Lees meer...] overDe earste Fryske taalkundige hiet fan Jan de Vries
Humor yn de Fryske literatuer: Rink van der Velde
Yn de Fryske literatuer falt in soad te laitsjen. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme. Douwe Kootstra, Doeke Sijens, Bouke Oldenhof en Babs Gezelle Meerburg ferdjippen har yn de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart, en hâlden dêr it ôfrûne foarjier in lêzing oer yn Kafee De … [Lees meer...] overHumor yn de Fryske literatuer: Rink van der Velde
Humor yn de Fryske literatuer: Trinus Riemersma
Yn de Fryske literatuer falt in soad te laitsjen. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme. Douwe Kootstra, Doeke Sijens, Bouke Oldenhof en Babs Gezelle Meerburg ferdjippen har yn de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart hâlden dêr it ôfrûne foarjier in lêzing oer yn Kafee De Gouden … [Lees meer...] overHumor yn de Fryske literatuer: Trinus Riemersma
Humor yn Fryske literatuer: Hylkje Goïnga
Yn de Fryske literatuer falt in soad te laitsjen. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme. Douwe Kootstra, Doeke Sijens, Bouke Oldenhof en Babs Gezelle Meerburg ferdjippen har yn de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart hâlden dêr it ôfrûne foarjier in lêzing oer yn Kafee De Gouden … [Lees meer...] overHumor yn Fryske literatuer: Hylkje Goïnga
Op syn Flaamsk ‘Nederdútsk’
Hawwe Arjen Versloot en ik yn febrewaris ll. Het Friese ‘Nederduits’ útbrocht (sjoch Op z’n Fries ‘Nederduits’ - in skiednis fan it Nederlânsk út Frysk perspekyf wei –, Miet Ooms hat no mei Van vogala tot noncha. Het historische verhaal van de Nederlandse taal in skiednis fan it Nederlânsk út de Flaamske taalsituaasje wei publisearre. Eins hie se doe’t se der troch de útjouwer … [Lees meer...] overOp syn Flaamsk ‘Nederdútsk’
Boek ferskynd mei Middelnederlânske oarkonden út Fryslân
Al wer aardich mear as in heale iuw lyn, yn 1969, waard yn Utert in stúdzjekonferinsje hâlden oer de bestudearring fan de Fryske taal en letterkunde oan de Nederlânske universiteiten. De ynlieder oer de stúdzje fan it Aldfrysk wie drs. (letter prof. dr.) H.D. Meijering. Ik wol hjirre graach ien fan de stellingen by syn ynlieding oanhelje: Beschrijving en bestudering van het … [Lees meer...] overBoek ferskynd mei Middelnederlânske oarkonden út Fryslân
OWL+: in plus foar Europeeske minderheidstalen en ûnderwizers
OWL+ (Ownership and Leadership) is in projekt wêrby’t sprekkers fan it Frysk yn Nederlân, it Súd-Samysk yn Noarwegen, it Latgalysk yn Letlân en it Mirandeesk yn Portugal in platfoarm krigen om mei-inoar yn kontakt te kommen. Ek binne meardere tools (middels) ûntwikkele, sadat ûnderwizers yn de regio’s dêr’t dy talen praat wurde beskikking krigen oer mear ûnderwiismateriaal om … [Lees meer...] overOWL+: in plus foar Europeeske minderheidstalen en ûnderwizers
Santjin nije Midfryske teksten
Wat is eins it ‘Midfrysk’? En watfoar teksten waarden der yn dy taal skreaun? In krekt ferskynde lytse samling ‘nij ûntdutsen’ Midfryske teksten jout dêr in moaie yndruk fan. Ut en troch komme der noch ûnbekende teksten oan it ljocht yn it Frysk fan trije- of fjouwerhûndert jier lyn. Yn it nijste nûmer fan it wittenskiplik tydskrift Us Wurk stiet in bydrage fan … [Lees meer...] overSantjin nije Midfryske teksten
Yn ’e hûs of yn it hûs?
Lidwurdlogika yn it Frysk Betsjutte de twa sinnen yn (1) itselde? (1) a. Der siet skimmel yn it hûs. b. Der siet skimmel yn ’e hûs. Om op dy fraach in antwurd jaan te kinnen, moatte wy earst mear witte oer it Fryske lidwurdsysteem. It Frysk hat twa grammatikale geslachten: manlik/froulik en ûnsidich. Manlike/froulike haadwurden kombinearje … [Lees meer...] overYn ’e hûs of yn it hûs?
Taal by de hûsdokter
Yn Fryslân meie minsken Frysk prate, ek by de húsdokter. Dochs dogge in soad minsken dat net, ek al wolle se dat wol graach. As ik yn myn hûsdokterspraktyk kom, dan stean ik foar in kar: praat ik as ûnfertochte Friezinne út de Legeaën Frysk of Nederlânsk. Foar dy kar steane al of net bewust hiel wat Friezen en Friezinnen. Dy kar wurdt maklik as de fiertaal yn de praktyk Frysk … [Lees meer...] overTaal by de hûsdokter
Skaden fan it ferline
It Aldfrysk hat it faak dreech om in plakje te finen middenmank de Aldgermaanske talen. Faak wurdt der op wiisd dat de taal let oerlevere is en dat de taal faak minder aldfrinzich bylket as bygelyk Aldingelsk of Aldheechdútsk. Dy lettere oerlevering is oars in selektyf argumint, want it measte dat bewarre is fan it Aldnoarsk is ek pas skreaun nei de 12e iuw, like betiid as de … [Lees meer...] overSkaden fan it ferline
Santich jier letter: Pyt Kramer op ‘e fyts (II)
Diel II (slot) oer it wurk fan Pyt Kramer (89 jier), pionier fan de Sealter stúdzjes. earder ferskynde diel I. In netwurk om it Sealterlân hinne Der wie yn 1955 amper in skriuwtradysje yn it Sealterlân en hielendal gjin ûnderwiis yn it Sealtersk. De Sealters koene wol wat help fan har bruorren yn it noarden en westen brûke. Om dy reden fierde Pyt Kramer yn 1956 in … [Lees meer...] overSantich jier letter: Pyt Kramer op ‘e fyts (II)
Op syn Feensters 2
It twadde diel fan Op syn Feensters, skreaun troch Reitze Jonkman (fan Nijskoat) nei oanlieding fan Willem Winters, Ut Feensters; hoe staat het ervoor. Leeuwarden 2006. Yn de earste ôflevering oer it Feensters haw ik al wiisd op in alderaardichst boekwurkje oer it Hearrenfeanster dialekt: Ut Feensters. De skriuwer Willem Winters hat as net-taalkundige op in sjoernalistike … [Lees meer...] overOp syn Feensters 2
























