Yn seizoen fjouwer fan it programma Denkend aan Holland fan Omroep MAX (2022) farre de BN’ers Janny van der Heijden en André van Duin troch bysûndere gebieten yn hiel Nederlân, om it Nederlânske lânskip te bewûnderjen. Yn dat seizoen hawwe se tegearre de Alvestêdetocht yn Fryslân fearn. Harren reis is ûnderferdield yn fjouwer ôfleveringen, dêr't se it Fryske lânskip en de … [Lees meer...] overDe stereotypearring fan de Fryske identiteit
Frisistyk Artikel
Nije Aldfryske hânskriftfragminten opdûkt yn Wenen
It is net alle dagen dat der nije stikken Aldfrysk fûn wurde, en as dat al bart, dat soks dan fier fan Fryslân wêze moat: yn Wenen. Dochs is it sa. Prof. dr. Robert Nedoma fertelt deroer yn in skriftlik fraachpetear nei oanlieding fan syn publikaasje fan de fynst. In skoftsje lyn krige de Österreichische Nationalbibliothek yn Wenen in bondeltsje hânskriftfragminten oerlange … [Lees meer...] overNije Aldfryske hânskriftfragminten opdûkt yn Wenen
Lêstips foar de simmer fan Jetske Bilker
Skriuwer en Gysbert Japicxpriis-winner Jetske Bilker sil dizze simmer mei de hiele húshâlding op fytsfakânsje. ‘Fanút Leer nim ik de trein nei Bremerhaven en fyts dêrwei nei myn suske, midden yn Denemarken. En werom oer Hamburch, en sa nei Nederlân. Ik moat hiel ekonomysk mei de romte en it gewicht omspringe, dus in boek is gau tefolle en te swier. Ik hoopje dat tsjin … [Lees meer...] overLêstips foar de simmer fan Jetske Bilker
Lêstips fan Sjoerd Bottema
Net te fier en net te lang It heuvelet lichtjes. Soms. Hjir en dêr in fakwurkhûs.Geregeld in krúshout, ein Märchenaus alten Zeiten, das kommtmir nicht aus dem Sinn. Is dit in fakânsjetip fan Sjoerd Bottema? Wêrhinne dan? It heuvelet. Súd-Limburch? Lichtjes. Soms. Gelderlân? Oerisel? In fakwurkhûs, Dútslân miskien? Net te fier oer de grins graach. Dat we wer yn ien … [Lees meer...] overLêstips fan Sjoerd Bottema
Rin voor den droes en lit dy wæge
“Jij stinkt en je moeder ook”, typt in lulk jongfaam op har laptop. De adressant is in blier jongfaam (itselde jongfaam), dat as influencer ‘bjoetie’-tips jout. Dit komt út in licht-pedagogysk tv-programma fan de VPRO. It hat wis en wrychtjes humor, mar wol in komplekse humor, sa’t it liket. “Do stjonkst” is net aardich. De muffe mof stonk yn de santjinde iuw al op ‘e … [Lees meer...] overRin voor den droes en lit dy wæge
Midsiuwsk en Modern Muontsewurk
In edysje fan it Aldfryske hânskrift Jurisprudentia Frisica De stúdzje fan it Aldfrysk begjint lang om let nasjonaal en ynternasjonaal it omtinken te krijen dat it fertsjinnet. Ferline jier kaam in edysje plus Ingelske oersetting út fan de ynkunabel Freeska Landriucht, printe om sirka 1485 hinne en tagelyk de kolleksje klassyk Aldfrysk rjocht dy’t men de muoite wurdich fûn … [Lees meer...] overMidsiuwsk en Modern Muontsewurk
De alsidige Freark Dam
It is presys 100 jier lyn dat literêr skriuwer, sjoernalist en FLMD-konservator Freark Dam (1924-2002) berne waard. Pieter de Groot, sjoernalist en kenner fan de Fryske literatuer, skôget it libben en wurk fan Freark Dam en bringt syn betsjutting foar de Fryske literatuer yn kaart. Dêrneist fertelt De Groot oer syn persoanlike moetings en ûnderfinings mei Dam. Lês op de webside … [Lees meer...] overDe alsidige Freark Dam
Op syn Iermodern-Frysk
By de publikaasje fan ‘Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal’* Een historisch-taalsociologisch onderzoek naar de perceptie van het Fries in en rondom de vroegmoderne periode yn Taal en Tongval, Volume 76, Issue 1, jun. 2024, p. 66 - 101. Koarte ynlieding op it artikel yn Taal en Tongval Yn de foarige kollum ‘Op syn Hylpersk’ fan juny ll. haw ik ynhâldlik al preludearre … [Lees meer...] overOp syn Iermodern-Frysk
Rink van der Veldepriiswinner Gerard de Jong syn byld op It Bilt
Skriuwer Gerard de Jong hat sneon de Rink van der Veldepriis útrikt krigen foar syn Biltsktalige debútroman Blau fan dagen, griis fan ônrust. Ynspiraasje foar dy roman die er yn 2017 op as writer in residence yn San Sebastian/Donostia (Baskelân) fanút it Europeeske literatuerprojekt Oare Wurden/Other Words, dêr’t Tresoar ien fan de partners yn … [Lees meer...] overRink van der Veldepriiswinner Gerard de Jong syn byld op It Bilt
Klaes Dykstra en syn betsjutting foar it Frysk
Presys 100 jier lyn waard Klaes Dykstra, berne as Klaas Dijkstra, berne yn Sigerswâld. In iuw nei syn berte siket kollegaskriuwer en -oersetter Geart van der Meer foar Tresoar út wat krekt Dykstra syn betsjutting foar de Fryske taal en literatuer west hat. Van der Meer sjocht dêr nei mei syn eigen oersetterseach en fertelt syn ferhaal yn syn eigen stavering. Lês op de … [Lees meer...] overKlaes Dykstra en syn betsjutting foar it Frysk
Op syn Hylpersk
Nei oanlieding fan it ferskinen fan: Dyami Millarson, Beknopt woordenboek Nederlands-Hindeloopers. Hindeloopen 2024. Op 22 septimber ferline jier wie ik op de Streektalekonferinsje fan de Taalunie yn Frjentsjer. Elk moast oan it begjin - nêst de namme - it dialekt dat hy fertjintwurdige op in kaartsje skriuwe. Ik wie dêr net foar it Frysk, dat ik keas foar it Leewarders en … [Lees meer...] overOp syn Hylpersk
Een “frou” van 18, kan dat?
Omrop Fryslân heeft een merkwaardige manier om over mensen te schrijven. De onderstaande kop is daar een voorbeeld van: Op die kop is wel meer aan te merken, maar waar het me hier om gaat, is de combinatie "frou (18)". Het woord frou en de leeftijdsaanduiding 18 passen namelijk niet bij elkaar.Waarom? Laat ik een analogie geven. Stel dat mevrouw Jansen uit het raam kijkt … [Lees meer...] overEen “frou” van 18, kan dat?
“Meartaligenskoördinator”: misbetearde wurdsjebakkerij
Omrop Fryslân fernijde op 5 juny dat Wietske Poelman "meartaligenskoördinator" fan de gemeente Noardeast-Fryslân wurdt. Dat is moai nijs. It taalferskaat yn Noardeast-Fryslân is grut: de measte doarpen binne Frysktalich, Dokkum hat syn stedsk, yn it Lauwersmargebiet wurde dialekten praat dy't almeast by it Nedersaksysk rekkene wurde, al tinke guon dêr langer wat oars oer en it … [Lees meer...] over“Meartaligenskoördinator”: misbetearde wurdsjebakkerij
Kening & Kening: fan printeboek nei famyljefoarstelling
Hoe makkest fan it populêre foarlêsboek Kening & Kening in oansprekkende famyljefoarstelling? Dy útdaging grypt regisseur Theo Smedes fan iepenloftspul Burgum mei beide hannen oan. Op freed 24 maaie giet it stik yn premjêre. It printeboek Kening & Kening, skreaun troch Friezinnen Linda de Haan en Stern Nijland, is in lytse 25 jier nei it ferskinen noch altyd bot … [Lees meer...] overKening & Kening: fan printeboek nei famyljefoarstelling
Besunigje tsjin better witten yn
Amper in moanne nei it ûndertekenjen fan de BFTK troch Ryk en Provinsje ha Provinsjale Steaten woansdei ynstimd mei in taakstellende besuniging fan 1,6 miljoen op taal en kultuer. Yn 2022 waard dy besuniging, dy’t noch net fierder spesifisearre wie, al opnaam yn de mearjierrebegrutting om de provinsje ek yn de takomst yn de swarte sifers te hâlden. Under lûd protest fan it … [Lees meer...] overBesunigje tsjin better witten yn
Rebelske poëzij oerset yn it Frysk
De Fryske dichtbondel Liet fan mysels (2024) moat ferplichte kost wurde foar alle learlingen op it fuortset ûnderwiis. Dat fynt oersetter Lubbert Jan de Vries, dy’t it wurk fan de Amerikaanske outlaw dichter Walt Whitman út 1855 oerset hat nei it Frysk. ‘It giet oer alles: oer leafde, haat, man, frou, polityk, skjintme, oarloch, frede en bisten.’ Heal april hat Lubbert Jan … [Lees meer...] overRebelske poëzij oerset yn it Frysk
Nei [fytsjəˈfɪnə]
De bydrage dy’t hjir folget soe net bestean moatte. Hjirûnder stiet ommers in útstel foar in Fryske plaknammelist yn IPA-transkripsje. In list dy’t ta myn fernuvering noch altyd brek is. It Frysk Hânwurdboek fan ‘e Akademy (2008) lit op siden 2373 oant 2384 in moaie rige plaknammen sjen, fan Abbegea oant Wymbritseradiel. Der stiet ek by hoe’t de nammen útsprutsen wurde. … [Lees meer...] overNei [fytsjəˈfɪnə]
Besprek: Eelko Alta ‘Een Atlas die de hele wereld had getorst’
Op Biografieportaal ferskynde dizze wike fan de hân fan sjoernaliste Marita de Jong in kritysk besprek fan Philippus Breukers biografy fan Eelko Alta: De Friese historicus en letterkundige Philippus Breuker (1939) maakt het de lezer niet gemakkelijk in zijn nieuwste boek Eelko Alta (1723-1798) Biografie van een verlicht volksvoorlichter, uitgegeven door Noordboek. … [Lees meer...] overBesprek: Eelko Alta ‘Een Atlas die de hele wereld had getorst’
Alte Weisheiten
Im Jahr 1897 erschien das Buch "Das Saterland, eine Darstellung von Land, Leben, Leuten in Wort und Bild". Der Verfasser war Dr. Julius Bröring. Zu den vielen interessanten Informationen über das Saterland, die das Buch vermittelt, gehört eine lange Liste von Sprichwörtern und Redewendungen auf Saterfriesisch. Nicht weniger als 1210 von diesen geflügelten Worten hat Bröring … [Lees meer...] overAlte Weisheiten
De Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028 – Tsjok en ambisjeus
Op 8 april 2024 waard ûnder tafersjoch fan deputearre Eke Folkerts de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) ûndertekene troch Hugo de Jonge, minister fan Ynlânske Saken, en Arno Brok, Kommisaris fan de Kening yn Fryslân. It ûndertekenjen fûn plak by Firda yn Snits. Yn de BFTK, dy’t rint fan 2024 oant 2028, lizze Ryk en provinsje fêst hoe’t sy de beskerming en de … [Lees meer...] overDe Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028 – Tsjok en ambisjeus
Op syn Bildts*
By it ferskinen fan: Sytse Buwalda, Grammatica van het Bildts. Sint Annaparochie 2024. Yn Op syn Meslânzers (1 april ll.) gie it ûnder oare oer de ûnbekende oarsprong(en) en ûntsteanstiid fan dit Hollânske dialekt op Fryske grûn. By in oar lid fan dy famylje oan de foaroerlizzende kant fan it Waad binne beide gjin inkeld probleem. De komst is mei de ynpoldering fan de … [Lees meer...] overOp syn Bildts*
It Gasterlâns belöchte
Op 2 maaie stiet der in pilotgearkomste pland foar in kursus Gaasterlânsk. By genôch animo jou ik de kursus yn maaie en juny yn ’e biblioteek yn Balk. In parseberjocht is op syn plak. Dêrfan fine jimme lykwols alle ynformaasje op ’e webside fan ’e biblioteek. (Pilotbijeenkomst, z.d.) Ik tocht, ik weagje my hjir ris oan in dialektologysk fergelykjend ûndersyk mei in mear … [Lees meer...] overIt Gasterlâns belöchte
Aldfrysk ‘A’ en ‘B’
Klassyk Aldfrysk Der hat yn de Frisistyk genôch te rêden west oer de nammen dy’t wy jouwe oan de midsiuwske taal. Ik haw dêr ek mines wol ta dien al kinne wy net sûnder it neamen yn dit ferbân fan de namme fan Bo Sjölin. Ek Germ de Haan hat hjir in wichtige bydrage levere. Ut dy diskusje is kaam dat wy in dúdlik ferskil merkbite tusken de taal fan rûchwei foar en nei 1400. … [Lees meer...] overAldfrysk ‘A’ en ‘B’
Fan brol nei bestân
Masteroersetter en twafâldich Obe Postmapriis-winner Klaas Bruinsma (1931-2018) sette in hiel soad út de wei. Fan him ferskynden tal fan publikaasjes. Syn ûnbidich grutte argyf, tritich ferhúsdoazen, leit by Tresoar en as as frijwilliger ha ik besocht dat te oarderjen. Hoe yn de goedichheid begjinne jo oan sa’n kerwei? De doazen wienen net bepaald systematysk ynpakt. Yn … [Lees meer...] overFan brol nei bestân
Op ‘e nij besjoen: Afûk-kursus Psychology fan dyn taal
Ynsjoch yn dyn taalgedrach en taalgewoantes Yn de skoallekrante Inktzwam 11, 4, 1976: 7 fan it Nassau [no Bornego] College op It Hearrenfean haw ik it stikje ‘Praet mar Frysk’ (yn de âlde stavering) skreaun oer it hâlden fan in twatalich petear en wat dêr anneks mei is. Ik siet doe sels mei de fraach nei de taalkar: yn wat taal begjinne jo tsjin in ûnbekende; yn it Frysk … [Lees meer...] overOp ‘e nij besjoen: Afûk-kursus Psychology fan dyn taal